Sweden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 124:
 
===Parlemint===
[[Ofbyld:Riksdag assembly hall 2006.jpg|thumb|right|De plenêre seal fan de Ryksdei, it Sweedske parlemint.]]
Sweden hat in [[parlemint|ienkeamerparlemint]], de [[Ryksdei (Sweden)|Ryksdei]] (''riksdag''), mei 349 ôffurdigen dy't om de fjouwer jier, op de twadde snein fan septimber, ferkeazen wurde. It is lykwols mooglik om it parlemint te ûntbinen en tuskentiidske ferkiezingen út te skriuwen, mar it fêste patroan wurdt dêr net troch ferbrutsen. It is dêrom dat der ek hast nea tuskentiidske ferkiezingen binne. De lêste kear dat dit barde wie yn 2015, en dêrfoar yn 1958.
 
Rigel 142:
 
==Ynfrastruktuer==
[[Ofbyld:Arlanda 1 Publish.jpg|250px|thumb|right|[[Lofthaven Stokholm-Arlanda]] út de loft wei.]]
It Sweedske wegenet hat in lingte fan 214.800 kilometer, dêr't 2.145 kilometer fan [[autodyk|autodiken]] binne.<ref>[https://www.trafikverket.se/resa-och-trafik/vag/sveriges-vagnat/ Sveriges vägnät.] ''Trafikverket.'' Rieplachte op 28 febrewaris 2018.</ref> Ien fan dy autodiken leit oer de [[Sontbrêge]] dy't Sweden mei [[Denemark|Denemarken]] ferbynt. Oant 1967 waard yn Sweden oan de lofterkant riden. De dei fan de oergong nei it riden oan de rjochterkant wurdt [[Dagen H]] neamd.