Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

L
Nei de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn Harns studearre er [[politikology]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Dy stúdzje wie dêr doe, yn 1983, noch [[Marksisme|marxistysk]] oriïntearre en dat soe in belangrike ynfloed foarmje op it libben en wurk fan De Vries. Yn Amsterdam ûntwikkele him in grutte belangstelling foar de literatuer, benammen foar poëzij.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/254#.VmLpdXo3U_s "Abe de Vries"]. ''Sirkwy: Fryske Literatuerside''. [[Tresoar]]. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Nei syn tsjinstplicht tekene er by en wurke noch seis jier op kontraktbasis as ynljochtinge-offisier. Fan 1993 oant 1996 studearre er skiednis yn Grins. Ek heechlearaar [[Frank Ankersmit]] soe, hoewol't dy in útsprutsen liberaal wie, in wichtige ynfloed hawwe op it tinken fan De Vries, troch syn yntellektuele, teoretyske beneieringoanpak fan de skiedskriuwing.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/254#.VmLpdXo3U_s "Abe de Vries"]. ''Sirkwy: Fryske Literatuerside''. Tresoar. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Underwilens joech De Vries les oan de leden fan it fredesleger yn Bosnië en Kroatië oer de eftergrûnen fan it konflikt yn dy lannen en skreau er dêr opinystikken oer alle lanlike kranten. Yn 1996 waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn 1999 waard er, út ûnfrede oer de emosjonele en iensidige berjochtjouwing, korrespondint yn Belgrado foar it ANP, ''Trouw'' en ''Elsevier''. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by ''Elsevier'' en makke er foar de reportaazjes reizen nei ûnder mear eks-Joegoslavië, Roemenië, Hongarije, Eastenryk, Tsjechië, Frankryk, Poalen, Ruslân en Afghanistan.<ref>[http://www.epibreren.com/rs/vries.html "Abe de Vries"]. ''Epibreren''. De Dichters uit Epibreren. 31 desimber 2004. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
Begjin 2005 folge er [[Jabik Veenbaas]] op as proazaresinsint by de ''Ljouwerter Krante''. Fan 2006 oant 2011 wie er útjouwer by de Friese Pers Boekerij/Noordboek. Fan 2011 ôf is er ferbûn oan it ''[[Friesch Dagblad]]'', earst as resinsjeskriuwer fan Fryske poëzij en esseeïstyske publikaasjes, ferslachjouwer fan algemien-kulturele ûnderwerpen en kollumnist fan de wyklikse kollum "Skroeier", en fan 2014 ôf ek as einredakteur fan it ''Friesch Dagblad''.
 
Yn 2015 rjochte De Vries, tegearre mei Friduwih Riemersma, it literêre tydskrift ''[[Fers2]]'' op, in digitaal platfoarm foar krityske, ûnôfhinklike literatuer en radikaal literatuerûndersyk.
 
== Poëzij ==