Ingelske gotyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
[[Ofbyld:Westminster Hall edited.jpg|thumb|Westminster Hall, 1808]]
[[Ofbyld:Hereford Cathedral panorama.jpg|thumb|Katedraal fan Hereford (1079-1140]]
Line 5 ⟶ 4:
Tradysjoneel wurde trije perioaden ûnderskieden:
* de Ier Ingelske (''Early English'') oant om 1275
* Fersierd (''Decorated''), ein 13e, begjin 14e iuw
* Heakske of kantige styl (''Perpendicular'' (of ''Rectilinear'') oant yn de 16e iuw
 
Dy termen waarden foar it earst brûkt yn de iere 19e iuw troch [[Thomas Rickman]] yn syn wurk ''Attempt to Discriminate the Style of Architecture in England''. It ûnderskied tusken de perioaden is goed te sjen yn de dekoraasje fan de spitse finsters dy't tekenjend foar de gotyk binne. Fanwegen de lange bouwtiden fan in protte tsjerken en abdijen is dy yndieling lykwols net samar op bouwurken as gehiel ta te passen, dy't eleminten út ferskate perioaden hawwe kinne.
 
Yn de Ier Ingelske perioade wienen de spitsbôge finsters betreklik smel en heech, mei mar in bytsje of gjin [[trasearring]] (maaswurk). Yn it ''Decorated'' waarden de finsters breder en krigen se hieltiten mear dekorativere trasearringen. Der wurdt yn it Decorated ûnderskied makke tusken de geometryske perioade (''geometrical period'') en de Bochtige perioade (''curvilinear period''). By de earste wurdt foaral gebrûk makke fan sirkels foar de trasearring yn it boppeste part fan de finsters. De ''curvilinear period'' brûkt bredere finsters en in frijere ynfolling fan de fersiering mei floeiende linen. It Perpendicular lei meast de klam op fertikale linen, net allinne yn de finstertrasearringen, mar ek yn de foarmen fan de bouwurken sels. Ek it [[waaierferwulft]] is typearjend foar dizze spesifyk Ingelske styl.
De ierste grutskalige tapassingen fan goatyske arsjitektuer yn Ingelân binne de [[katedraal fan Canterbury]] en de [[Abdij fan Westminster]] (''Westminster Abbey''). In protte skaaimerken fan de goatyske arsjitektuer binne op in natuerlike wize út de [[Romaanske arsjitektuer]] (yn Ingelân faak Normandyske arsjitektuer neamd) fuortkaam. Dy evolúsje is foaral te sjen yn de Normandyske [[katedraal fan Durham]], dy't it betiidste puntige ribbele hege ferwulft hat dat bekend is.
 
Line 25 ⟶ 26:
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* Ynlieding fan [[:en:English Gothic architecture]]
<references/>}}
 
[[Kategory:Goatyske arsjitektuerGotyk]]
[[Kategory:Britske arsjitektuer]]