Katedraal fan Lincoln: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Rigel 47:
==== Hjoeddeiske katedraal ====
[[File:LincCathplanDehio.jpg|thumb|300px|''Grûnplan fan de katedraal'']]
De nije biskop Hugo fan Lincoln (''Hugh of Lincoln''), berne yn Saint-Maximin (Isère), begûn mei de weropbou fan de katedraal. It earst ferriisden it [[Koer (tsjerke)|koer]] (it saneamde ''St Hugh's Choir'') en de eastlike transepten tusken 1192 en 1210. It sintrale [[Skip (tsjerke)|skip]] waard dêrnei boud yn de styl fan de iere ingelske [[Gotyk|Ingelske gotyk]]. Fanôf 1220 waard de [[kleastergong]] mei it tsienhoekige [[kapittelhûs]] (iergoatysk) oan de noardlike kant boud. It kapittelhûs wurdt sûnt de 14e iuw mei in krâns fan [[Loftbôge|loftbôgen]] en [[Steunbear|steunbearen]] op it plak holden. Al gau nei it boubegjin folge de katedraal de nije moade yn de arsjitektuer: spitse bôgen, loftbôgen en [[Ferwulft|ribferwulften]] waarden tapast. De nije boutechnyk makke ek de ynbou fan gruttere finsters mooglik.
 
It [[roasfinster]] yn it noardlike [[transept]] mei de namme ''Dean's Eye'' stamt út de tiid fan de weropbou fan 1192 oant 1235 troch Hugo fan Lincoln, wylst it oare roasfinster yn it súdlike transept, it saneamde ''Bishop's Eye'' pas in iuw letter yn 1330 ynbrocht waard.
Rigel 59:
Tusken 1307 en 1311 kaam de sintrale toer op de tsjintwurdige hichte fan 83 meter. De westlike tuorren en gevel waarden ek renovearre en ferhege. Yn dy tiid krige de toer ek de hege houten spits, wêrmei't de toer in totale hichte krige fan 160 meter. Alhoewol't der ôfwikende mienings binne, kinne de measte boarnen harren wol yn dy hichte fine. In fûle stoarm yn 1548 makke in ein oan de reputaasje fan it heechste gebou fan'e wrâld, doe't de spits der ôfwaaide en yn de fal in grut part fan it noardeastlike dak fan it transept ferneatige. Ek yn de 14e iuw waard in [[doksaal]] ynboud en krige de katedraal nije koerstuollen. De iken koerstuollen mei in wâld oan hege pinakels hearre ta moaiste fan it Feriene Keninkryk. De nissen boppe de baldekinen binne opfolle mei anglikaanske hilligen. De koerstuollen binne ryklik bewurke mei fykwurk. Der binne bibelske ûnderwerpen, mar ek bisten en boartlike foarstellings. Foar de tafoeging fan in belfort waarden de beide westlike tuorren fanôf 1420 ferhege. Om't ek de westlike tuorren gefaar rûnen om ûnder it eigen gewicht yn te stoarten, waarden de spitsen yn 1807 lang om let fan de tuorren ferwidere.
 
Earder waarden de manuskripten yn in kast of kiste bewarre, mar yn 1422 waard ek útein set mei de bou fan de bibleteek. DatDy fûn plakkaam boppe it eastlike diel fan de kleastergong, grinzgjend oan it kapittelhûs. De boeken krigen no in plak yn in kast en waarden mei kettings fêstlein oan de boekekast. Trije midsiuwske lêsbanken en ien bankje bleaune bewarre yn de bibleteek, dy't boud waard foar likernôch 100 manuskripten.
 
Oan de noardlike kant fan it koer waard yn 1484 in kapel oanboud, dy't Fleming's Chantry neamd waard. Letter oan de súdlike kant fûn de oanbou fan de Russel’s Chantry (1494) en de Longland’s Chantry (1521–30) plak. It âlde koerportaal fan 1270 mei yn it fjild boppe de tagong mei in foarstelling fan it Jongste Gerjocht bleau dêrtusken stean.
De kapellen neist it Angel Choir binne boud yn [[Perpendicular-styl]], mei de klam op sterke fertikale linen, dy't hjoed-de-dei bewarre bleaun binne yn it maaswurk en lambrisearring.
By de it belis fan Lincoln yn de [[Ingelske Boargeroarloch|Ingelske Boargerkriich]] brochten de troepen fan [[Oliver Cromwell]] skea oan de katedraal.