Kastiel fan Durham: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|260px|''It kastiel fan Durham mei op de eftergrûn de katedraal'' It '''Kastiel fan Durham''' (Ingelsk: ''Durham Castle'') is in Norma...
 
red
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
De boarch waard oarspronklik yn de 11e iuw boud om de biskop fan Durham tsjin ynfallen te beskermjen. Yn dy tiid wie it noarden fan Ingelân, benammen nei de ferovering fan it lân troch Noarmannende [[Normandjers]] yn it jier [[1066]], in tige ûnrêstich gebiet. De boarch stiet model foar de yn dy tiid yntrodusearre Normandyske arsjitektuer.
 
De yn de iere 14e iuw troch biskop Antony Bek boude ridderseal (''Great Hall'') wie yn dy tiid de grutste yn hiel Grut-Brittanje oant biskop Richard Fox de hal tsjin it ein fan de 15e iuw lytser makke. HjoeddedeiHjoed-de-dei is de Great Hall 14 meter heech en mear dan 30 meter lang.
 
== Kapellen ==
It kastiel hat twa kapellen: de ''Norman Chapel'', boud om 1078 hinne, en de ''Tunstall's Chapel'' (ferneamd nei biskop Cuthbert Tunstall), boud yn 1540.
 
De ''Norman Chapel'' is it âldste diel fan de boarch en ek it âldste bouwurk fan de stêd. De bou mei syn ryk bewurke kapitelen stamt út 1080 en is fan Saksyske oarsprong, nei alle gedachten fanwegen it feit dat Saksen twongen waarden om de kapel te bouwen. Yn de 15e iuw liet biskop Hatfield de ''keep'' (donjon of haadtoer) fergrutsje, wertroch't de kapel net mear tagonklik waard. Mooglik is dat de reden weromwêrom't de kapel fierder sûnder feroarings en oanpassings troch de tiid kommen is.<ref>[https://www.durhamworldheritagesite.com/architecture/castle/intro/north-range/norman-chapel Durham Worldheritagesite]</ref> Oant 1841 waard de kapel net mear brûkt en dêrnei tsjinne seer as passaazje nei de donjon. Yn de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] brûkte de [[Royal Air Force]] de kapel as kommandopost en waard it oarspronklike belang ûntdutsen. Koart nei de oarloch waard de kapel wer ynsegene en ek tsjintwurdich wurdt de kapel alle wiken brûkt foar tsjerketsjinsten.
 
De ''Tunstall's Chapel'', de grutste fan de twa kapellen, wurdt faker foar tsjinsten brûkt, mar ek foar konserten. De bou fan de kapel waard ûnder biskop Cuthbert Tunstall yn 1540 foltôge oan it begjin fan de [[reformaasje]].<ref>[https://www.durhamworldheritagesite.com/architecture/castle/intro/north-range/tunstall-chapel Durham Worldheritagesite]</ref> De biskoppen Cosin en Crewe fergrutten de kapel yn it lêste diel fan de 17e iuw. Achter yn de kapel binne noch 16e -iuwske [[misericordes]].
[[File:Durham Castle, April 2017 (14) (33459522640).jpg|thumb|left|250px|''De keep'']]
== Universiteitskolleezje ==
Yn 1837 droegdroech biskop Edward Maltby de boarch oer oan de nije Universiteit fan Durham as wenromte foar studinten. De boarch krige doe de namme ''University College''. De fiktoriaanske arsjitekt Anthony Salvin rekonstruearre de ferfallen donjon neffens de oarspronklike plannen. Yn 1840 waard it kastiel wer iepene en tsjintwurdich wenje der noch jimmeroan mear danas 100 studinten, werfander't de measten fan yn de donjon binne ûnderbrocht binne.
 
Foar it publyk is de boarch allinne yn it ramt fan rûnliedings tagonglik.