Kastiel fan Durham: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 13:
 
De ''Tunstall's Chapel'', de grutste fan de twa kapellen, wurdt faker foar tsjinsten brûkt, mar ek foar konserten. De bou fan de kapel waard ûnder biskop Cuthbert Tunstall yn 1540 foltôge oan it begjin fan de [[reformaasje]].<ref>[https://www.durhamworldheritagesite.com/architecture/castle/intro/north-range/tunstall-chapel Durham Worldheritagesite]</ref> De biskoppen Cosin en Crewe fergrutten de kapel yn it lêste diel fan de 17e iuw. Achter yn de kapel binne noch 16e-iuwske [[misericordes]].
[[File:Durham Castle, April 2017 (14) (33459522640).jpg|thumb|left|250px|''De keepdonjon'']]
 
== Universiteitskolleezje ==
Yn 1837 droech biskop Edward Maltby de boarch oer oan de nije Universiteit fan Durham as wenromte foar studinten. De boarch krige doe de namme ''University College''. De fiktoriaanske arsjitekt Anthony Salvin rekonstruearre de ferfallen donjon neffens de oarspronklike plannen. Yn 1840 waard it kastiel wer iepene en tsjintwurdich wenje der noch jimmeroan mear as 100 studinten, der't de measten fan yn de donjon ûnderbrocht binne.