Reboelje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 32:
De groep waard lanlik net sa populêr, mar hie wol sukses mei optredens yn Frankryk en Ingelân. Yn [[1994]] waard de CD 'Medusa' presintearre mei in toanielopfiering mei swalkers, dwazen en pylgers. Yn [[1996]] folge de earste folsleine muzykteaterproduksje: 'De Brulloft'. Dit projekt omfieme film, dia’s, muzyk, toaniel en teäter. Yn [[1999]] spile de groep tegearre mei [[Femmes Vattaal]] op [[Oerol]], yn [[2001]] spilen hja tegearre op [[Toerismo]].
 
Yn [[2002]] gie Reboelje wer it téater yn, mei it programma 'Blau Paradys'. Op 'e nij mingde de band muzyk mei oare keunstfoarmen, yn dat programma wienen dat film, teater, byldzjende keunst en poëzy. Ek [[Three-ality]] die mei oan it programma. Dat jier waard Reboelje ek de [[Bernlef-priisBernlefpriis]] takend, dy't de provinsje Fryslân dat jier ynsteld hie.
 
In jier letter, by de rockopera 'Gysbert, Gysbert', dy't yn [[2003]] as earbetoan oan de fjouwerhûndert jier lyn berne dichter [[Gysbert Japiks]] opfierd waard, luts Marius de Boer him werom om him te berieden op syn ynbring. Hy waard yn de rockopera ferfongen troch [[Tsaerd Nauta]]. Op [[2 novimber]] [[2003]] hold de groep op te bestean. Fjouwer bandleden gongen troch ûnder de namme [[Swee]], mar Marius de Boer beslút yn it earstoan te stopjen mei komponearjen en musisearjen. Lykwols begûn er yn 2005 as soloartyst [[Mariusz]].