Spion: ferskil tusken ferzjes

45 bytes grutter ,  3 jier lyn
L
+ synonym
L (red)
L (+ synonym)
In '''spion''' (fan it [[Frânsk]]e ''espion''), [[froulik]]e foarm: '''spionne''', ek wol in '''geheim agint'''('''e''') neamd, is immen dy't temûk en faak op [[wet|yllegale]] of alteast [[klandestyn|klandestine]] wize [[ynformaasje]] garret. Sokken kinne foar in [[oerheid]]synstânsje (almeast in [[feilichheidstsjinst]]) wurkje, mar ek foar in [[bedriuw]]. De term 'spion' wurdt benammen troch bûtensteanders brûkt; yn 'e ynljochtingewrâld sprekt men fan in 'agint' of in 'ynljochtinge-ofsier'. De gegevens dy't troch sokke lju byinoar socht wurde, tsjut men yn it [[jargon|fakjargon]] oan as ''HumInt'', dat stiet foar ''human intelligence'' ([[Ingelsk]] foar "minsklike ynljochtings").
 
Der wurdt ûnderskie makke tusken ferskate soarten spionnen. In ynljochtinge-ofsier is in [[wurknimmer]] fan in feilichheidstsjinst. In agint is in bûtensteander dy't net op 'e [[lean]]list fan 'e feilichheidstsjinst stiet en meastal ek net in oplieding folge hat om spion te wurden, mar dêr dochs foar wurket, ornaris yn ruil foar in [[jild|finansjele]] tsjinprestaasje. In [[ynformant]] is immen dy't allinnich mar ynljochtings leveret, soms út eigen beweging, soms tsjin betelling, en soms ek om't hy of sy dêrta [[sjantaazje|sjantearre]] wurdt.