Film: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
+skiednis |
+skiednis |
||
Rigel 35:
Oarspronklik wiene der acht grutte filmstudio's dy't yn Hollywood de tsjinst útmakken. Dat wiene de Grutte 5: [[20th Century Fox]], [[RKO Pictures]], [[Paramount Pictures]], [[Warner Bros.]] en [[Metro-Goldwyn-Mayer]] (MGM). Dêropta wiene der de Lytse 3: [[Columbia Pictures]], [[United Artists]] en [[Universal Pictures]]. United Artists koe trouwens de titel fan 'grutte' filmstudio faak mar kwealk behâlde, en operearre yn haadsaak as stiper en [[distribúsje|distributeur]] fan films dy't troch [[ûnôfhinklike film]]produsinten makke wiene. Nei de [[1960-er jierren]] rekke dit saneamde [[studiostelsel]] yn it neigean. Mei trochdat filmtechniken minder djoer waarden, kamen der mear kânsen foar lytsere studio's en foar makkers fan [[ûnôfhinklike film]]s. Dêrtroch ûntstiene feroarings yn 'e produksje en styl fan 'e films dy't makke waarden. Boppedat ûntstiene ek bûten Hollywood grutte regionale [[filmyndustry]]en, lykas [[Bollywood]] yn [[Yndia]] en [[Nollywood]] yn [[Nigearia]]. Yn 'e [[1990-er jierren|1990-er]] en [[2000-er jierren]] waard [[kompjûter|digitale technology]] de driuwende krêft efter fierdere fernijings, lykas [[digitale 3D-projeksje]] en [[kompjûtertekenfilms]].
[[File:BolexH16.jpg|right|thumb|180px|In opwynbere [[16 mm-film|16-mm]]-[[kamera]] [[Bolex|Bolex H16]]. Dit is in [[kamera]] dy't faak brûkt wurdt troch begjinnende [[studint]]en oan in film[[oplieding]].]]
==It meitsjen fan in film==
===Materiaal===
Behalven in [[kamera]] moat men foar it opnimmen fan in film fansels ek in [[bylddrager]] hawwe. Dêrfoar binne ferskate [[filmformaat|standertmjitten]]:
*[[70 mm-film]] of [[Todd-AO]]: Fiif perforaasjes oan 'e rânen fan 'e filmstripe per byld. Foarhinne selden brûkt, mar tsjintwurdich hieltyd populêrder fanwegen de opmars fan [[IMAX]].
*[[35 mm-film]]: Fjouwer perforaasjes per byld. It measte brûkt foar bioskoopfilms. Dit is deselde soarte film dy't ek foar [[lytsbyldkamera|lytsbyldkamera's]] brûkt wurdt.
*[[16 mm-film]]: ien perforaasje per byld. Brûkt troch amateurfilmers, mar letter ferkrongen troch 8 mm. Ek brûkt foar filmfertoanings yn húslik fermidden en op [[skoalle]]n en sa, mar letter ferfongen troch [[fideo]] en dêrnei troch [[dvd]]. Fierders wol brûkt foar [[dokumintêre]]s.
*[[9½ mm-film]]: ien perforaasje, mar <u>tusken</u> de bylden yn. Yntrodusearre troch [[Pathé Frères]] yn [[1922]]. Hold de midden tusken 8 mm (goedkeaper) en 16 mm (better byldoerflak). Waard brûkt troch amateurs, letter frijwol hielendal ferkrongen troch 8 mm en 16 mm.
*[[8 mm-film]]: ien perforaasje per byld, en de film is mar oan ien kant perforearre. Populêr by amateur-filmmakkers. By opname wurdt soms in 16 mm-film brûkt mei it dûbele tal perforaasjes; de film moat dan twaris beljochte en dêrnei yn 'e lingte trochsnien wurde.
===Technyk===
Yn 'e sinematografy giet it om bylden dy't fêstlein wurde troch de ynwurking fan [[ljocht]] op in ljochtgefoelige laach op in lange filmstripe dy't ûnder it opnimmen troch de [[kamera|filmkamera]] rôlet. Dêrby waard foarhinne ek gebrûk makke fan optyske [[lûdsopname]]s op 'e filmstripe. Yn it hjoeddeistige sinematografyske proses wurdt it [[lûd]] lykwols hast útslutend noch [[kompjûter|digitaal]] opnommen, útsein inkele eksperimintele films of [[low-budget]]produksjes dy't gebrûk meitsje fan ferâldere [[apparatuer]] om 'e kosten te drukken. Ek digitale byldopnamen komme almar mear foar; dy wurde yn 'e regel ek gewoan oantsjut as 'film', hoewol't der dus yn 'e praktyk eins gjin filmmateriaal mear oan te pas komt.
===Filmproduksje===
As men it oer 'in film' hat, bedoelt men almeast in [[langspylfilm]], dy't makke wurdt om yn [[bioskoop]] of [[filmhûs]] fertoand te wurden oan in [[kommersje|beteljend]] [[publyk]]. Sokke films wurde makke troch in [[regisseur]], wylst de omballingen regele wurde troch in [[produsint|filmprodusint]]. By grutte filmstudio's is it tafersjoch op 'e produksje yn 'e hannen fan in [[útfierend produsint]], dy't foar syn wurk net op set oanwêzich hoecht te wêzen, mar fan in ôfstân in stjoerende wurking hat en benammen oer it [[jild]] giet. Regisseur en produsint wurde ornaris bystien troch in team assistinten, hoewol't it by low-budgetproduksjes ek mooglik is dat beide funksjes troch ien en deselde persoan ferfolle wurde en dat de hiele produksje fan 'e film dus in ienmansprojekt is. Neffens de klassike metoade, by in middelgrutte of gruttere [[filmstudio]], giet de produksje fan in film lykwols lykas hjirûnder beskreaun.
|