Film: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+skiednis
+
Rigel 50:
===Filmproduksje===
As men it oer 'in film' hat, bedoelt men almeast in [[langspylfilm]], dy't makke wurdt om yn [[bioskoop]] of [[filmhûs]] fertoand te wurden oan in [[kommersje|beteljend]] [[publyk]]. Sokke films wurde makke troch in [[regisseur]], wylst de omballingen regele wurde troch in [[produsint|filmprodusint]]. By grutte filmstudio's is it tafersjoch op 'e produksje yn 'e hannen fan in [[útfierend produsint]], dy't foar syn wurk net op set oanwêzich hoecht te wêzen, mar fan in ôfstân in stjoerende wurking hat en benammen oer it [[jild]] giet. Regisseur en produsint wurde ornaris bystien troch in team assistinten, hoewol't it by low-budgetproduksjes ek mooglik is dat beide funksjes troch ien en deselde persoan ferfolle wurde en dat de hiele produksje fan 'e film dus in ienmansprojekt is. Neffens de klassike metoade, by in middelgrutte of gruttere [[filmstudio]], giet de produksje fan in film lykwols lykas hjirûnder beskreaun.
 
====Preproduksje====
De preproduksje is it stadium dat foarôfgiet oan it eigentlike opnimmen fan 'e film. Yn dat stadium wurdt bepaald hokfoar soarte film oft men meitsje wol, al besteane dêr yn 'e regel dan al beskate ideeën oer. Dy ideeën wurde yn 'e preproduksje útwurke en der wurdt in [[synopsis]] skreaun, in [[gearfetting]] fan 'e [[plot|filmplot]]. Dêrnei wurdt de synopsis útwurke ta in langere gearfetting, dy't de [[step outline]] of koartwei outline hjit. Eltse [[sêne]] fan 'e film wurdt dêryn koart beskreaun, sadat men in byld krije kin fan hoe't de film der úteinlik út komme sil te sjen. De step outline is inkeld bedoeld foar de makkers sels en komt bûtensteanders mar selden ûnder eagen.
 
Nei it opstellen fan 'e step outline wurdt de saneamde [[treatment]] skreaun, wêryn't oanjûn wurdt wat der yn alle sênes persiis yn byld brocht wurde sil. De treatment giet poer oer de fisuële kant fan 'e film; oer de op te nimmen [[dialooch]] stiet der neat yn. Underwilens wurde los fan 'e treatment de saneamde [[karakterdossier]]s opsteld, dy't eftergrûnynformaasje oer de [[personaazje]]s jouwe en dêrmei oanwizings hoe't de personaazjes har yn beskate sitewaasjes [[hâlden en dragen|hâlde en drage]] moatte. Ek wurde de dialogen (of [[monolooch|monologen]]) útwurke. Neitiid wurde treatment, karakterdossiers en dialogen gearfoege ta in [[senario]] of filmskript. Sa'n senario soe omskreaun wurde kinne as in útwurke fariant fan 'e treatment. It is gebrûklik om te begjinnen mei in kladferzje fan in senario, dy't dan troch de [[senarioskriuwer]] yn oerlis mei de regisseur en mooglik ek mei de produsint ferskate kearen byskaafd en oanskerpe wurdt, oant der in definitive ferzje ûntstiet dy't it [[shooting script]] neamd wurdt. Dêryn stiet oant yn it lytste detail beskreaun wat der barre moat en bygelyks ek hokker lûden oft der te hearren wêze sille of hokker [[gemoedstastân|sfear]] oft in beskate sêne oproppe moat. Yn it shooting script is fierders eltse sêne nûmere fan it begjin fan 'e film ôf.
 
De folgjende stap is it meitsjen fan in [[draaiboek]]. Yn it draaiboek is útwurke wannear't de opnamen fan hokker sênes plakfine sille. Sênes fan films wurde nammentlik net opnommen neffens harren folchoarder yn 'e film. As bygelyks sêne 1, 3 en 8 yn deselde keamer spylje, dan is it [[logistyk]] folle handiger om dy trije sênes efterinoar oan op te nimmen, op deselde opnamedei as dat mooglik is, en dêrnei fierder te gean mei bygelyks sêne 2. Soms wurdt tagelyk mei it draaiboek ek in [[storyboard]] makke. Dat is in samling nûmere [[tekening|sketsen]] en [[foto's]], dy't elts ien [[shot (sinematografy)|shot]] fertsjintwurdigje. Ofbylding 4.3 is dan it trêde shot fan sêne 4.