Film: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 68:
 
Ta einbeslút binne der dan noch in tal [[technyk|technyske]] bewurkings dy't oan 'e film ferrjochte wurde moatte, lykas it [[kleurkorreksje (film)|kleurkorrizjearjen]] en it meitsjen fan 'e prints. Pas dêrnei is de film ree om yn 'e bioskoop fertoand te wurden. De neamde aktiviteiten hoege net beslist yn 'e hjirboppe oanholden folchoarder dien te wurden. Ofhinklik fan 'e foarkar fan 'e regisseur kin it ek oars om en ta gean, en sa't earder al oanjûn is, hawwe low-budgetproduksjes de [[jild|finansjele middels]] net om op dizze wize te wurk te gean.
 
====Distribúsje====
Nei't in film ienris syn definitive foarm berikt hat, folget noch it proses fan [[distribúsje]]. Films wurde faak earst útbrocht yn 'e [[bioskopen]], dêr't se tradisjoneel fertoand wurde mei behelp fan in [[filmprojektor]] yn in romte fuort efter de [[filmseal]], dy't de bylden projektearret op it [[bioskoopskerm|grutte wite skerm]] foaryn de seal. Almar mear wurdt tsjintwurdich lykwols [[digitale projeksje]] brûkt, en men is fan tinken dat dy úteinlik de klassike filmprojeksje folslein ferfange sil. De earste fertoaning fan in film yn in bioskoop is de [[premiêre]]. Faak wurdt dêr in [[feest]]like gelegenheid fan makke, mei [[reade loper]] en [[gala]]kledaazje, wêrfoar't sawol de [[cast]] (spilers), [[filmcrew|crew]] (makkers) as de [[media]] útnûge binne. Want om oan in film fertsjinje te kinnen, wat ommers ornaris de bedoeling is, moat der ek [[reklame]] foar makke wurde. Dêrta wurde faak foarôfgeande oan 'e premiêre al [[trailer]]s (koarte reklamefilmkes) publisearre om it publyk alfêst waarm te meitsjen. Ek wurde by bioskoopfertoanings foarôfgeande oan 'e haadfilm [[foarfilm]]s tafoege dy't reklame meitsje foar films dy't mei koarten yn deselde bioskoop te sjen wêze sille.
 
Foarhinne wie it sa dat film likernôch in healjier nei't se yn 'e bioskoop yn premiêre gien wiene, útkamen yn 'e [[fideoteek]], dêr't se op [[VHS]]-[[fideobân|fideobannen]] [[hier|ferhierd]] waarden. Wer likernôch in healjier letter ferskynden se dan as [[keapfideo]]. Tsjintwurdich wurde films faak in pear [[moanne (tiid)|moannen]] of in fearnsjier nei't se foar it earst yn 'e bioskoop kommen binne al [[te keap]] útbrocht op [[dvd]] en [[blu-ray]]. Op 'e [[tillefyzje]] wurde se pas foar it earst útstjoerd likernôch in jier nei de premiêre yn 'e bioskoop. Dêrnjonken binne films tsjintwurdich ek foar ien besichtiging te 'keapjen' oer it [[ynternet]] by [[video on demand]]-bedriuwen, lykas [[Netflix]].
 
As in film yn it lân fan produksje net genôch jild opbrocht hat yn 'e bioskoop, wurdt by ferkeap oan oare lannen de bioskoop dêre gauris oerslein. De film wurdt yn it bûtenlân dan daliks útbrocht op dvd. Soks bart ek wol yn it lân fan produksje sels, as de filmstudio nei it ôfrûnjen fan 'e produksje ta de konklúzje komt dat de film net goed genôch is foar de bioskopen, of as de bioskopen der gjin brea yn sjogge. Sokke films wurde oantsjut as [[direct to video]]. Der binne ek films dy't net foar de bioskoop bedoeld binne, mar spesjaal foar op 'e [[tillefyzje]] makke wurde; dat binne [[tillefyzjefilm]]s, dy't faak earder by [[tillefyzjeprogramma's]] kategorisearre wurde as by 'echte' films. Oan 'e oare kant komt it ek wolris foar dat in tillefyzjefilm sa populêr blykt te wêzen dat er letter of yn in beskaat lân dochs yn 'e bioskoop fertoand wurdt.
 
De opkomst fan it [[ynternet]] hat derta laat dat mannich begjinnend filmmakker syn eigen wurken no oan in grut publyk toane kin troch syn films ienfâldichwei op [[webside]]n as [[YouTube]] of [[Vimeo]] te setten. Dat is in grutte feroaring, dy't begjinnende filmmakkers folle ûnôfhinkliker makket fan [[filmstudio's]] en [[bioskopen]]. Fia û.m. de [[sosjale media]] kinne films boppedat maklik en relatyf goedkeap by minsken ûnder de oandacht brocht wurde.
[[File:Video-x-generic.svg|right|190px|thumb|In ikoantsje fan in [[filmprojektor|projektorrôle]] mei in [[celluloid]]filmstripe.]]