Delling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
In '''delling''' is in langhalige leechte of ferdjipping yn it lânskip. In bedelte wurdt ek wol '''fallei''' neamd, bygelyks de [[Gelderske Fallei]].
 
De measte dellings binne ûntstien troch de útspieling fan in [[beek (stroom)|beek]] of in [[rivier]], mar ek [[gletsjer]]s en bewegingen yn de ierdkoarste kinne in bydrage leverje yn it ûntstean fan in bedelte. Op basis fan de ûntsteansskiednis wurde U-dellings en V-dellings ûnderskieden. U-dellings binne útsliten troch gletsjers en V-dellings troch [[beek (stroom)|beken]]. In [[kleau]] (ek wol ravyn of [[canyon]] neamd) is in troch [[eroazje]] djip útsliten rivierdelling mei steile (rots)wanden.
 
Faak is in bedelte in fruchtber plak (wetter siket it leechste punt) en leit it beskûle tsjin [[wyn (meteorology)|wyn]] en kjeld. De temperatuer is yn de delling dan ek heger. Yn bercheftige streken lizze de measte stêden en doarpen dêrom yn falleien.
 
In bercheftigebergige gebieten lykas [[Eastenryk]], [[Switserlân]] en [[Noarwegen]] binne dellings folle dúdliker te ûnderskieden as yn gebieten mei in bytsje [[reliëf (lânskip)|reliëf]], lykas yn [[Fryslân]].
 
Topografyske beneamingen yn Nederlân mei in ferwizing nei in delling (dal) binne bygelyks [[Diependal (Epen)|Diependal]], [[Roerdalen]], [[Haasdal]], [[Berg en Dal (Nederlân)|Berg en Dal]], [[Nijverdal]].