Henry David Thoreau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 5:
 
== Libben en wurk ==
Thoreau waard berne as soan fan in potleadfabrikant yn [[Concord (Massachusetts)|Concord]], as soan fan potleadfabrikant, in plak sa'n 30 kilometer bewesten [[Boston]], inyn [[Massachusetts]]. Yn [[1837]] studearre er ôf oan de [[Universiteit Harvard]], mar syn diploma hat er nea ophelle: hy wegere te beteljen foar in 'stikje papier'. Nei de stúdzje wie Thoreau in skoft dosint. Dêrnjonken skreau er ûnder oaren essays en gedichten foar it tydskrift ''The Dial''. Yn [[1838]] stifte er tegearre mei syn broer in priveeskoalle. Thoreau krige [[1841]] kunde oan Ralph Waldo Emerson, de dichter, oanhinger fan it [[Unitarisme (teology)|unitarisme]] en filosoof dy't jildt as stifter fan it Amerikaansk transendintalisme. Thoreau krige sadwaande fuort kontakt mei in grutte rûnte fan Amerikaanske tinkers en dichters. De dea fan syn broer yn [[1842]] hat him bot rekke. Guonts tinke dat dat barren ynfloed hawwe kind hat op it feit dat er lang by syn âlden yn'e hûs bleaun is en nea troud west hat.
[[Ofbyld:Walden-winter.jpg|thumb|De ''Walden Pond'' by't winter]]