Westwurk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Corvey Westwerk.png|thumb|It westwurk fan de [[Abdij fan Corvey]]]]
It '''westwurk''', ek wol '''westbou''' of '''westkoer''' neamd, is in monumintaal bouwurk oan de westkant fan in tsjerke, dy't út it [[Karolingen|Karolingyske]], [[Ottoanen|Ottoanske]] en [[Romaanske arsjitektuer|Romaanske]] tiidrek komt.
==Skaaimerken==
It westwurk ferfangt de [[narteks]] mei westtoer, dy't ornaris boud waard. By de âldste westwurken is fan bûten in ferdieling tusken de middenromte en de treptuorren tekenjend. De foarhal ûntbrekt almeast, want dy is earneop in oar plak, bygelyks garis oan de oarssúdkant. It westwurk is fan binnen ferdield yn ferdjippings en hat op de grûnflier in ekstra koer, it westkoer. Bytiden is der ek in [[kapel]] op ien fan de ferdjippings. By gruttere westwurken binne om in [[atrium]] hinne nei it [[Skip (tsjerke)|skip]] rjochte gallerijen[[gallerij (bou)|gallerij]]en.

Westwurken wiene benammen boud yn de [[Iere Midsiuwen|Iere]] en [[Lette Midsiuwen]]. It westwurk waard benammen brûkt by [[katedralen]] en [[kapitteltsjerke]]n, dêr't gauris ferlet wie fan in ekstra koer en in skieding fan romten ornearre foar parochy en kapittel. As in tsjerke in bân mei in kening of keizer hie, wie der gauris in priveekapel yn de westwurk ynrjochte.

==Foarbylden==
Wichtige westwurken yn [[Nederlân]] dy't no noch bestean, binne ûnder oaren de [[Abdij Rolduc]], de [[Sint-Amelbergabasilyk]] yn [[Susteren]] en de [[Us Leaffroubasilyk]] en de [[Sint-Servaasbasilyk]] yn [[Maastricht]]. De earstneamde tsjerke fan Maastricht hat in massyf fertikaal westwurk mei twa smelle tuorren oan wjerskanten. De lêstneamde dêre hat in útsûnderlik swier westwurk, dy't like heech as breed is, mei in westkoer, in atrium mei gallerijen dêr omhinne en in saneamde ''keizerslogekeizersferbliuw'' en fierder op de boppeferdjippings in [[proast]]ekapel en de ''Keizerseal''. It westwurk fan de Sint-Servaasbasilyk is benammen ferneamd om syn wichtige bouskulptuer.

Yn [[Dútslân]] binne de wichtichste westwurken dy fan de [[Abdij fan Corvey]], dy't nei alle gedachten deit âldst bewarrenbewarre westwurk is, de dom fan [[Minden]], de Meunstertsjerke fan [[Essen (Dútslân)|Essen]], de [[Dom fan Aken]] en de [[Sint-Pantaleontsjerke (Keulen)|Sint-Pantaleontsjerke]] yn [[Keulen]].

Yn [[Belgje]] hawwe bygelyks de [[Sint-Bartolomeüstsjerke (Luik)|Sint-Bartolomeüstsjerke]] fan [[Luik (stêd)|Luik]] en de Sint-Oda-en-Sint-Joaristsjerke fan [[Amay]] wichtige westwurken. It westwurk fan de [[Sint-Gertrudistsjerke (Nijvel)|Sint-Gertrudistsjerke]] fan [[Nijvel]] is foar it grutste part in weropbou.

Yn [[Sweden]] hat de tsjerke fan Husaby, by [[Lidköping |Lidköping]], in ûntsachlik westwurk.

Yn [[Frankryk]] hat de [[Abdij fan Saint-Riquier]], yn it noarden fan Frankryk, hat in bysûndere [[narteks]] mei foarhôf, dy't ek wol as westwurk sjoen wurde kin. Fan de ferwoastge [[katedraal]] fan [[Mâcon]] stiet it skansearre westwurk foar it grutste part noch oerein, lykas it westwurk fan de ruïne fan de abdij fan [[Jumièges]].

==Redusearre westwurk==
'''Redusearre westwurk''' is in ferienfâldige foarm fan westwurk, mei in ynboude toer, dêr't in kapel ynboud is.<ref>https://www.deraakerkgroningen.nl/vaktaal?letter=W&term_id=709</ref> Dy foarm fan westwurk komt benammen yn de [[Fryslân (wengebiet)|Fryske lannen]] foar. In tal foarbylden binne: [[Jehannestsjerke (Britsum) |Jehannestsjerke]] yn [[Britsum]]<ref>http://aldefrysketsjerken.nl/index.php?saftid=saft|1421c6c2-2c24-4322-9bbc-4281e07d9b06</ref>, [[Michaeltsjerke (Eanjum)|Michaeltsjerke]] yn [[Eanjum]], [[Nikolaastsjerke (Hijum)|Niklaastsjerke]] yn [[Hijum]] <ref>http://aldefrysketsjerken.nl/index.php?saftid=saft|706e93e8-9562-4d4f-8bb3-1398d0c195b5</ref>, [[Petrustsjerke (Lichtaard)|Petrustsjerke]] yn [[Lichtaard]] <refhttpref>http://aldefrysketsjerken.nl/index.php?saftid=saft|82674d11-f9f8-433c-9040-8d3b65d70e4a></ref> en [[Marijetsjerke (Wierum)|Marijetsjerke]] yn [[Wierum]] yn [[Fryslân]] en de [[Sint-Fitustsjerke (Doezum)|Sint-Fitustsjerke]] yn [[Doezum]] yn [[Grinslân]].

==GaellerijenGallerijen==
===Westwurk===
<gallery>