Ferskil tusken ferzjes fan "Wala fan Corbie"

L
red
(Nije Side: '''Wala fan Corbie''' (755 - Bobbio, 31 augustus 836 wie ien fan de wichtichste riejouwers fan syn neef kening/keizer Karel de Grutte, syn soan L...)
 
L (red)
 
==Iere libben==
Wala fan Corbie wie de soan fan [[Bearn (Karolingen)|Bearn]], in ûnwettige soan fan [[Karel Martel]], en in [[Saksen (folk)|Saksyske]] frou. Wala krige syn ûnderrjocht op de skoalle oan it hof fan Karel de Grutte yn de [[Keningspalts]] fan [[Aken (stêd)|Aken]] mei syn broer [[Adalardus fan Corbie|Adalardus]]. Wala hie noch in oare broer: Bearn, en twa susters: Gundrada en Teodrada. It skynt dat Wala yn [[791]] meidie oan de rebûlje fan Karel de Grutte syn broer [[Pepyn mie de BulteBult]]. Hy rekke yn ûngeustûngeunst by Karel en waard ferballe. Wala boaske mei Roslinde (''Rothlindis''), in dochter fan [[Willem fan Akwitaanje]]. Dy wie [[hartoch]] fan [[Akwitaanje]] en [[greve]] fan [[Toulouse]]. Mar al gau mocht Wala wer weromkomme oan it hof fan Karel de Grutte en syn rol waard nei de keizerskroaning fan Karel yn [[800]] noch grutter.<br>
Hy fersloech de Saksen en [[Sarasenen]]. Hy waard beneamd te greve fan Saksen en yn [[811]] waard er beneamd ta [[paltsgreve]]. Yn [[812]] waard er troch Karel tegearre mei syn broer Adalardus nei Itaalje stjoerd om riejouwer fan Karel syn soan, [[ûnderkening]] [[Bearn fan Itaalje]], te wurden.
 
==Under Loadewyk de Fromme==
Nei it ferstjerren fan syn frou Roslinde en as part fan it suverjen fan it paleis fan tsjinstanners waard er yn [[814]], nei it ferstjerren fan Karel de Grutte, troch syn opfolger [[Loadewyk de Fromme]] twongen nei de [[Abdij fan Corbie]] te gean. Yn [[816]] krige er mei syn broer Adalardus de ferantwurdlikens oer it bestjoer en it hâlden fan it kleaster fan [[Herford |Herford]], dat koartlyn oergien iswie, neffens in beslissing fan de Rie fan Aken, yn hannen fan Loadewyk de Fromme. Wala waard in grut tsjinstanner fan keninklik/keizerlik foech oer it tsjerklik [[benefisium]].<br/>
Loadewyk de Fromme krige spyt fan syn eardere dieden en nûge Wala en Adalardus út en kom werom op it keizerlik hof. Hja fermoedsoenen dêrnei en Wala waard yn [[822]] beneamd ta riejouwer.
 
==Abt fan Corbie==
Yn [[822]] stifte er mei syn broer Adalardus fannijs de [[Abdij fan Corvey]] ("Nij-Corbie") by [[Höxter]] yn [[Westfalen]], dy't yn [[815]] foar't earst stifte waard. Nei it ferstjerren fan Adalardus yn [[827]] folge Wala him op as [[abt]] fan Corbie en Corvey. Yn [[831]] ferliet er de Abdij fan Corvey en ferfear er nei de [[Abdij fan Bobbio]] yn Noard-[[Itaalje]] dêr't er yn [[836]] ferstoarnferstoar wie en begroeven waard.
 
{{DEFAULTSORT:Corbie, Wala fan}}