Harold Foster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 14:
De strip dy't Foster om syn held kreëarre, wurdt faak priizge fanwegen de histoaryske krektens. Foster dokumintearre him altiten yngeand foar syn ferhalen en tekeningen. Mar nettsjinsteande dat befetsje de ferhalen fan prins Valiant in grut tal anagronismen en is de held omstanner fan foarfallen dy't pas folle letter yn de skiednis foarfoelen. De aventoeren fan Valiant spylje har bygelyks ôf yn ‘de dagen fan [[kening Artur]]’, dêr't tige oan twivele wurdt oft dy wol bestien hat, oan it begjin fan de [[Midsiuwen]]. Dat wie yn de tiid dat it [[West-Romeinske Ryk]] ûndergie en it [[Grutte folkeferfarren]] op gong kaam. [[Saksen|Saksyske]] stammen foelen doe de Britske eilannen binnen en waarden bekampe troch de Britske stammen dy't dêr doe wennen. De leginde fan kening Artur stammet út dy tiid. Artur wie foar 't neiste in Britske of faaks in Romeinske legeroanfierder, dy't yn de leginden útgroeid is ta in kening. It meastepart fan de ferhalen oer Artur waard lykwols neat earder as in fiifhûndert of tûzen jier letter op skrift stelt. De skriuwers dêrfan, lykas de yn de 15de iuw libjende [[Thomas Malory]] yn [[Le Morte d'Arthur]], ferpleatse de wapens, klean en saken lykas ridders en kastielen út harren eigen tiid oer nei 5de iuw. Troch Foster waard dat sûnder in inkelde beheining oernommen. Sa rûn prins Valiant om mei in folslein harnas en fjochtet er as in ridder tsjin Romeinske soldaten en [[Wytsingen]], wylst kastielen as [[Camelot]] der útsjogge as yn de lette Midsiuwen. Om de strip wurdearje te kinnen, moat de wrâld fan prins Vailant sjoen wurde as in mytologyske wrâld lykas yn Le Mort d”Arthur en net as histoaryske werklikheid.
 
Prins Valiant, de soan fan Aguar, de kening van [[Thule (lân)|Thule]], wurdt ridder oan it hôf fan kening Artur. En wapene mei syn ferneamd ‘Sjongend Swurd’ belibbet er alderlei aventoeren yn in eigen midsiuwske wrâld dy't rûn fan Noarwei oant Afrika en fan Amearika oant Jerusalim ta. Valiant befjochtet Hunnen, Moaren, Wytsingen, Yndianen, Griken, Romeinen, Arabieren, Afrikanen en Fandalen. De lêzers koenen dat allegear wol wurdearje. Prins Valiant groeide út ta in kassukses.
 
== Fan avontuerenstrip oant familystrip ==
Rigel 22:
 
== Lêste jierren ==
Hoewol't Foster syn Valiant sels skreau en tekene, waard er dêrby holpen troch ûnderskate assistinten. Doe't Foster âlder waard, begûnen de 'deadlines' harren tol te easkjen. Syn soan Arthur James wie goed tweintich jier behelle by it meitsjen fan de strip, û.o. mei it yn de inket setten fan de eftergrûnen en it ynkleurjen fan de strip. Begjin jierren sechtich waard Foster assistearre troch [[Phiip Blaisdell]], bynamme “Tex”. Earst die dy allinnich it tekenjen en it yn de inket setten, mar al gau tekene Blaisdell alles, behalven de gesichten fan de wichtichste persoanen yn de strip. Yn [[1971]] waard it tekenjen Foster allegearre te folle. Hy gie op 'e siik nei ien dy't it fan him oernimme koe en woe allinnich de ferhalen noch mar skriuwe. UteinlikÚteinlik waard [[John Cullen Murphy]] syn opfolger. Op 16 maaie 1971 ferskynde de lêste troch Foster sels tekene stripside. Yn de jierren dêrnei gie Foster troch mei it skriuwen, it meitsjen fan de lay-outs en it ynkleurjen fan alles. Uteinlik beëinige Foster op 10 febrewaris [[1980]] de strip. Twa jier letter [[25 july]] [[1982]] ferstoar er.
 
{{boarnen|boarnefernijing=