Paltsgreve: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Hillige Roomske Ryk: alfêst de kategoryen
No edit summary
Rigel 7:
De [[Latyn]]ske titel is de oarspronkike en dus ek fan foar it tiidrek fan it [[feodale stelsel]]. It komt fan it Romeinske ''[[Comes]]'', dat net in erflike titel of rang wie. De term ''palatinus'' komt fan ''palatium'' dat "paleis" betsjut.

Nei de ûndergong fan it [[Romeinske Ryk]] begû der in nij feodale type fan de titel, ornaris bekend as ''palatinus'', te ûntwikkeljen. De Frankyske keningen fan it [[Merovingyske hearskers|Merovingyske]] laach (hearsken fan [[480]] oant om [[750]] hinne) hiene in hege amtner, de ''comes palatinus'' yn tsjinst, dy't ynearsten de kening holpen mei rjochterlike plichten, en letter dy taken sels ek ûtoefenen. Oare paltsgreven hiene ek wol militêre en bestjoerlike taken.

Yn it [[Spanje]] fan de [[WisigoatenFisigoaten]] bestie it ''Officium Palatinum'' út in stikmannich manlju mei de rang fan greve dy't de ferskate ûnderdielen fan it keninklike hûshâlden behearden. De keningen fan de [[Ostrogoaten]], dy't [[Itaalje]] bestjoerden, hiene ek paltsgreven (''Comes Patrimonium'') yn tsjinst, dy't it priveebesit fan de keningen behearden.

De [[Karolingen]], dy't hearsken fan om [[750]] hinne oant om [[1000]] hinne, hiene in likense systeem. Ynstee fan dat de paltsgreven tichte by de kening bleaune, waarden guon paltsgreven nei ferskate parten fan it ryk stjoerd, dêr't dy gebieten ''[[paltsgreefskip]]pen'' neamd waarden. Om't hja min of mear fertsjintwurdigers fan de kening wiene, hiene hja mear macht as de gewoane greven.

Yn de [[Lette Midsiuwen]] waard de rang "greve" sa bot brûkt, dat gruthearen mei gebieten sa grut as hartochdommen en lytsere kastielhearen harren sels "greve" neamden. Doe't dy gruthearen harren macht oer de lytsere kastielhearen fergrutsje woene, fielden hja de needsaak harren ferskil yn rang fan harren ûnderdienen sjen te litten. Dêrtroch begûnen ferskate fan dy gruthearen harren sels "paltsgreve" te neamen. Sjesokke gebieten wiene winliken sa grut as hartochdommen, sa as bygelyks it Paltsgreefskip [[Sjampanje (provinsje)|Sjampanje]] yn de [[tretjindetrettjinde iuw]].

===Besibbe titels===
Yn it misiuwske [[Poalen]] hie de ''palatinus'' de heechste rang njonken de kening. Hy wie ek de heechste ofsier yn it keningsleger. Letter wie de titel gearstald mei de [[Woiwoade]], dy't de titel fa de paltsgreve oernaam.

Yn [[Hongarije]] hie yn de Midsiuwen de ''nádorispán'' of ''nádor'' de ''[[Palatyn fan Hongarije]]''. Yn [[Servje]] hie de ''[[Grutte Čelnik]]'' (велики челник) njonken de kening de heechste rang.

==Hillige Roomske Ryk==
'''''Pfalzgraf'''''' ([[Aldheechdútsk]]: ''phalanzgrāvo'') is wie de [[Dútsk]]e ferzje fan de titel, dêr't ''Pfalz'' it ferdútskjen fan it Latynske ''palatium'' is en ''Graf'' betsjut "greve''.

Paltsgreven wiene de ôffurdigen fan de Frankyske kening, en letter fan de [[Hillige Roomske keizer]], dy't in [[Keningspalts]] behearden. Der wiene stikmannige paltsen yn it Ryk, dêr't de kening hinne reizge om't der net in fêste haadstêd wie.

Der wiene ek paltsgreven dy't gauris de keizer holpen mei it útfieren fan persoanlike besluten, bygelyks it útjaan fan [[Wapenkunde|wapens]]. Sokke paltsgreven waarden wol "hofpaltsgreven" (Dútsk: ''Hofpfalzgrafen'', Latyn: ''comites palatini caesarii'' of ''comites sacri palatii'') neamd.