Lemsterlânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Al jieren gjin gemiente mear.
Rigel 14:
| ISO 639-3 =
}}
It '''Lemsterlânsk''' is de foarm fan it [[Súdwesthoeksk]], in [[Fryske dialekten|Frysk dialekt]], sa't dat sprutsen wurdt yn it eastlike part fan 'e eardere gemeente [[Lemsterlân]], yn 'e [[doarp]]en [[Bantegea]], [[Eastersee-Buorren]], [[Eastersee-Giterskebrêge]], [[Ychten]], [[Ychtenbrêge]] en [[Dolsterhuzen]].
 
Under ynfloed fan it oanswettende [[Nedersaksysk]]e [[Stellingwerfsk]], of mooglik troch in [[19e iuw|njoggentjinde-iuwske]] ynfloed fan [[Gitersken|Giterske feantsjers]], wurde dêr wurden dy't mei in "g" begjinne net útsprutsen mei de "hurde" [ɡ] (fan "'''g'''oed"), sa't dat yn it [[Frysk]] gebrûklik is, mar mei de [x] (fan "ber'''ch'''"), dy't yn it [[Standertfrysk]] net oan it begjin fan in wurd foarkomme kin. In oar skaaimerk fan it Lemsterlânsk is dat it de oarspronklike "b" yn "hawwe" beholden hat, sadat de lju dêr fan ''habbe'' sizze.