Oerlis:Skiermûntseagersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Namfallen?: nije seksje
Rigel 22:
''Dyami Millarson setten de Hongkonger Ken Ho en de Italjaan Giovanni Pinto har yn foar it Skiermûntseagersk''...... ''en dit jout nij perspektyf foar it oerlibben fan de Skiermûntseagersk. Om't de trije jongerein in ynternasjonaal geselskip binne, wurdt de taal no brûkt foar ynternasjonale kommunikaasje, en dermei hat it in nije funksje foar de takomst krige''. De skriuwer liket der wol hiel wis fan. In nije funksje yn de ynternasjonale kommunikaasje - 3 man. Ik tink dat wy hjir it hichtepunt fan yrreëel optimisme berikt hawwe en fyn dat de tekst sa net stean bliuwe kin. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 16 sep 2018, 15.07 (CEST)
:In punt, mar ik nim oan dat de anonime bydrager, dy't alles dúdlik mei boarnen ûnderboud hat, hjir it artikel yn De Telegraaf nijpraat. Ik haw gjin inkele muoite om te leauwen dat it sa yn De Telegraaf stien hat. Ik haw de tekst oanpast om dúdlik te meitsjen dat dat is wat der bedoeld wurdt. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 17 sep 2018, 16.14 (CEST)
 
== Namfallen? ==
 
Nee, 't Skiermûntseagersk hat wisse gjin namfallen. In namfal wol sizze dat de/in wurdfoarm feroaret nei't in oare funksje yn'e sin hat (bygelyks ûnderwerp of foarwerp). Mei manlik en froulik hat it hielendal neat te krijen. [[Meidogger:Steinbach|Steinbach (WanabeFries)]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 27 jan 2019, 15.26 (CET)
Werom nei de side "Skiermûntseagersk".