Steve Irwin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 28:
 
===Priveelibben===
Yn [[1991]] kaam Irwin yn 'e kunde mei [[Terri Irwin|Terri Raines]], in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[natoer]]beskermster út [[Eugene (Oregon)]], dy't in toer makke by Australyske rehabilitaasjesintra foar wylde bisten lâns. Neffens Irwin en Raines wie it foar harren [[leafde]] op it earste gesicht. Hja [[ferloving|ferloofden]] har fjouwer moanne letter en [[houlik|trouden]] op [[4 juny]] [[1992]]. De Irwins krigen letter twa [[bern (persoan)|bern]], dochter [[Bindi Irwin|Bindi Sue]] ("Bindi"), berne op [[24 july]] [[1998]], en soan [[Robert Irwin (telefyzjepersoanlikheid)|Robert Clarence]] ("Bob"), berne op [[1 desimber]] [[2003]]. Bindi Sue wie ferneamd nei Steve Irwin syn beide favorite bisten, de [[seekrokkedil]] Bindi en syn [[Staffordshire bullterriër]] Sui, wylst Robert Clarence ferneamd wie nei syn pake, Steve Irwin syn heit.
 
===Karriêre===