Paltsgreve: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Balduineum Wahl Heinrich VII.jpg|thumb|De sân [[karfoarst]]en dy't [[Hindrik VII fan it Hillige Roomske Ryk|Hindrik VII]] ta kening keazen. De Karfoarsten, weromkend troch de wapen boppe harren hollen, binne, fan lofts nei rjochts: de aartsbiskoppen fan Keulen, Mainz en Trier, de paltsgreve bij de Ryn, de hartoch fan Saksen, de markgreve fan Brandenburch en de kening fan Bohemen]]
'''Paltsgreve''' ([[Dútsk]]: ''Pfalzgraf'', [[Latyn]]): ''Comes palatinus'') is in histoaryske aadlike titel. It is in gearstalling fan de wurden ''palts'' ([[paleis]] of hof) en ''[[greve]]'' (keninklike bestjoersamtner). De paltsgreve hat as haadtsjinner yn de paleizen fan de keningen/keizers fan it [[Frankyske Ryk]] en it [[Hillige Roomske Ryk]] tsjinne.
Line 12 ⟶ 11:

===Besibbe titels===
Yn it misiuwske [[Poalen]] hie de ''palatinus'' de heechste rang njonken de kening. Hy wie ek de heechste ofsier yn it keningsleger. Letter wie de titel gearstald mei de ''[[Woiwoade]]'', dy't letter de titel fafan de paltsgreve oernaam.

Yn [[Hongarije]] hie yn de Midsiuwen de ''nádorispán'' of ''nádor'' de ''[[Palatyn fan Hongarije]]''. Yn [[Servje]] hie de ''[[Grutte Čelnik]]'' (велики челник) njonken de kening de heechste rang.

==Hillige Roomske Ryk==
'''''Pfalzgraf'''''' ([[Aldheechdútsk]]: ''phalanzgrāvo'') is wie de [[Dútsk]]e ferzje fan de titel, dêr't ''Pfalz'' it ferdútskjen fan it Latynske ''palatium'' is en ''Graf'' betsjut "greve''.

Paltsgreven wiene de ôffurdigen fan de Frankyske kening, en letter fan de [[Hillige Roomske keizer]], dy't in [[Keningspalts]] behearden. Der wiene stikmannige paltsen yn it Ryk, dêr't de kening hinne reizge om't der net in fêste haadstêd wie.

Der wiene ek paltsgreven dy't gauris de keizer holpen mei it útfieren fan persoanlike besluten, bygelyks it útjaan fan [[Wapenkunde|wapens]]. Sokke paltsgreven waarden wol "hofpaltsgreven" (Dútsk: ''Hofpfalzgrafen'', Latyn: ''comites palatini caesarii'' of ''comites sacri palatii'') neamd.

De [[Hartochdom Boergonje|hartoggen fan Boergonje]] brûkten gauris de Latynske foarm ''(Comus) palatinus'' en de Frânske foarm ''(Comte) palatin'' as part fan harren folsleine titel as ''[[frijgreve]]'' fan it njonkenlizzende [[Frijgreefskip Boergonje]] (Dútsk: ''Freigrafschaft Burgund''), dat in greefskip fan it eardere [[Keninkryk Boergonje]] wie en sûnt [[982]] part fan it Hillige Roomske Ryk waard en yn [[1169]] as frijgreefskip foarme wie. Dat gebiet stie letter bekend as [[Franche Comte]].

Fan de [[alfde iuw]] ôf waarden de paltsgreven in fersekering foar de ienheid yn it keninkryk as politike tsjinwicht fan grutte wearde tsjin de machtige [[Stamhartochdom|stamhartoggen]] en hja wiene tenei net allinne mear paleisgreven, mar winliken [[ûnderkening]]en. Oerlibbene paltsgreefskippen waarden pylders dêr't it keizerlik gesach útfierd wurde koe. Under de hearskippij fan [[Hindrik de Fûgelder]], en benammen ûnder [[Otto de Grutte]], waarden ''comites palatini'' oer gâns it ryk hinne stjoerd en hâld de nei ûnôfhinklikens oerhingjende hartoggen yn de stringen. Der kamen paltsgreven te lâne yn de [[stamhartochdom]]men [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]], [[Loataringen]], [[Hartochdom Swaben|Swaben]] en [[Hartochdom Beieren|Beieren]] en behear it keninklike lânguod. Hja waarden nei de hartoch de machtichste lju yn de hartochdommen.
De Loataringyske paltsgreven út it laach fan de [[Ezzoanen]] laten gauris it keizerlike leger en waarden faak brûkt foar ynlânske en bûtenlânske konflikten, sa as bygelyks tsjin hartoggen en greven dy't yn ferwar tsjin it keizerlike gesach kamen, en opskuor by de grins tsjin de [[Hongarije|Hongaren]] en it Frânske keninkryk del te bêdzjen.

Fan de [[tolfde iuw]] ôf waard de titel fan paltsgreve erflik. Dêrfoar wie it paltsgreefskip lykwols in ''[[benefisium]]'', dus net erflik. De paltsgreve yn Beieren, dy't fan it Hûs [[Wittelsbach]] wie, waard ek hartoch fan Beieren. De rang fan greve waard dêre dus ferienige mei dy fan de hartoch. It paltsgreefskip yn Loataringen feroare syn namme yn [[1085]] ta it [[Paltsgreefskip oan de Ryn]] en dat paltsgreefskip waard ien fan de machtichste steaten fan it Hillige Roomske Ryk en waard letter ek in [[karfoarstendom]]. It paltsgreefskip fan Saksen waard ferienige mei it [[hartochdomdom Saksen]] dat ek in karfoarstendom waard. Dy beide paltsgreven waarden ek [[Ryksfâd]].

Paltsgreven wiene bestean bleaun oant de opheffing fan it Hillige Roomske Ryk yn [[1806]].

==Pauslike paltsgreven==
De '''pauslike paltsgreve''' (''Comes palatinus lateranus'', folút ''Comes sacri Lateranensis palatii'') waard troch de [[paus]] oanbean fan de [[sechtjinde iuw]] ôf. Dy rang wie in earetitel en waard ornaris droegen troch ridders fan de [[Oarder fan de Gouden Spoar]] en hie lykwols gjin polityk foech.

==Sjoch ek==
*[[Keningspalts]]
*[[Paltsgreefskip oan de Ryn]]
*[[Ryksfâd]]

{{boarnen|boarnefernijing=
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:en:Count palatine]]