Paltsgreve: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 15:

==Hillige Roomske Ryk==
'''''Pfalzgraf'''''' ([[Aldheechdútsk]]: ''phalanzgrāvo'') wie de [[Dútsk]]e ferzje fan de titel, dêr't ''Pfalz'' it ferdútskjen fan it Latynske ''palatium'' is en ''Graf'' betsjut "greve''".

Paltsgreven wiene de ôffurdigen fan de Frankyske kening, en letter fan de [[Hillige Roomske keizer]], dy't in [[Keningspalts]] behearden. Der wiene stikmannige paltsen yn it Ryk, dêr't de kening hinne reizge om't der net in fêste haadstêd wie.

Der wiene ek paltsgreven dy't gauris de keizer holpen mei it útfieren fan persoanlike besluten, bygelyks it útjaan fan [[Wapenkunde|wapens]]. Sokke paltsgreven waarden wol "hofpaltsgreven" (Dútsk: ''Hofpfalzgrafen'', Latyn: ''comites palatini caesarii'' of ''comites sacri palatii'') neamd.

De [[Hartochdom Boergonje|hartoggen fan Boergonje]] brûkten gauris de Latynske foarm ''(Comus) palatinus'' en de Frânske foarm ''(Comte) palatin'' as part fan harren folsleine titel as ''[[frijgreve]]'' fan it njonkenlizzende [[Frijgreefskip Boergonje]] (Dútsk: ''Freigrafschaft Burgund''), dat in greefskip fan it eardere [[Keninkryk Boergonje]] wie en sûnt [[982]] part fan it Hillige Roomske Ryk waard en yn [[1169]] as frijgreefskip foarme wie. Dat gebiet stie letter bekend as [[Franche Comte-Comté]].

Fan de [[alfde iuw]] ôf waarden de paltsgreven in fersekering foar de ienheid yn it keninkryk as politike tsjinwicht fan grutte wearde tsjin de machtige [[Stamhartochdom|stamhartoggen]] en hja wiene tenei net allinne mear paleisgreven, mar winliken [[ûnderkening]]en. Oerlibbene paltsgreefskippen waarden pylders dêr't it keizerlik gesach útfierd wurde koe. Under de hearskippij fan [[Hindrik de Fûgelder]], en benammen ûnder [[Otto de Grutte]], waarden ''comites palatini'' oer gâns it ryk hinne stjoerd en hâld de nei ûnôfhinklikens oerhingjende hartoggen yn de stringen. Der kamen paltsgreven te lâne yn de [[stamhartochdom]]men [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]], [[Loataringen]], [[Hartochdom Swaben|Swaben]] en [[Hartochdom Beieren|Beieren]] en behear it keninklike lânguod. Hja waarden nei de hartoch de machtichste lju yn de hartochdommen.
De Loataringyske paltsgreven út it laach fan de [[Ezzoanen]] laten gauris it keizerlike leger en waarden faak brûkt foar ynlânske en bûtenlânske konflikten, sa as bygelyks tsjin hartoggen en greven dy't yn ferwar tsjin it keizerlike gesach kamen, en opskuor by de grins tsjin de [[Hongarije|Hongaren]] en it Frânske keninkryk del te bêdzjen.