Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Stobbefisearre
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:00058 christ pantocrator mosaic hagia sophia 656x800.jpg|thumb|Jezus Kristus ôfbylding yn de [[Hagia Sophia]].]]
'''Jezus fan Nazaret''', yn it algemien bekend as '''Jezus Kristus''' wie de sintrale persoan yn it [[Kristendom]], dêr't it fan "Kristus" ôflaat is, en wie in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" wie ôflaat fan it [[Gryksk]]e ''Χριστός'' (''Christós''), dat "salvling" betsjut en besibbe is oan it út it [[Hebriuwsk]] ôflate ''[[Messias]]'' is. De namme "Jezus" komt fan it Grykske '' Ίησους'' (''Iesoûs''), dat in [[Hellenisme|hellenisearring]] fan it Hebriuwsk-[[Arameesk]]e ''ישוע'' (''Jesjûa'' of ''Jesjû''), dat "[[JHWH]]" betsjut.

'''Jezus Kristus''' en '''Jezus de Messias''', binne nammen brûkt yn it [[Kristendom]] foar de persoan dy't yn dy religy sintraal stiet. De namme fan it kristendom sels is ek ôflaat fan de foarm ''Kristus''. At der in [[Jezus (histoarysk)|histoaryske Jezus]] bestien hat, is net dúdlik.
As der in [[Jezus (histoarysk)|histoaryske Jezus]] bestien hat, ferskille de mienings fan [[skiedkundige]]n.
Neffens it kristendom is Jezus Kristus de Soan fan God, de [[Ferlosser]] en part fan de Godlike [[Trije-ienheid]]; de rêder fan alle minsken. Syn komst waard yn it [[Alde Testamint]] fan de [[Bibel]] foarsein en dat er út de dea wei wer opstien hat.

Jezus sels hat gjin skreaun wurk efterlitten en de ferneamdste beskriuwings fan syn libben binne de fjouwer [[kanonike evangeeljes]] fan [[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]], [[Evangeelje fan Markus|Markus]], [[Evangeelje fan Lukas|Lukas]] en [[Evangeelje fan Jehannes|Jehannes]] en in tal [[Apokryf|apokrive]] boeken.

Yn de [[Islaam]] wurdt Jezus ('''Isa''') as ien fan God syn leafste en wichtichste [[Profeet|profeten]] beskôge, allyk as in bringer fan hillige skriften, in wûnderwurker en de Messias. Moslims leauwe lykwols net lyk as kristenen yn it [[Krusiging|krusigjen]] en it godlikens fan Jezus, mar leauwe dat it krusigjen in godlike drôch wie en dat er mei lea opnaam waard yn de himel. De measte moslims leauwe wol dat er weromkomme sil nei de ierde.

==Libbensrin fan Jezus neffens de Bibel==
[[Ofbyld:Mathis Gothart Grünewald 030.jpg|300px|left|thumb|It ''Alter fan Isenheim'' mei bylden út it ibben fan Jezus troch [[Matthias Grünewald]] (1512-1516)]]
Foar it libbensferhaal fan Jezus brûke kristenen de boeken, dy' part fan de [[Nije Testamint]] fan de Bibel wurden wiene, en dan benammen de fjouwer evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes. Elts evangeelje hat syn eigen karakter. It evangeelje fan Jehannes wykt it measte ôf. Hoewol't in tal ferhalen hast letterlik op inoar lykje, benammen by Mattéus en Markus, komme oare foarfallen mar ien of twa fan de evangeeljes foar.

De fjouwer evangeeljes befetsje meiïnoar sa'n 4% oer de berte fan Jezus, sa'n 62% oer it wurk fan Jezus en sa'n 32% oer it [[Krusiging|krusigjen]] en [[Opstanning|opstean]]. Dêrnjonken binne der noch in tal stikken dy't net oer it libben fan Jezus geane, lykas de beskriuwing fan de foarteam fan Jezus en it wurk fan [[Jehannes de Doper]] (it [[prolooch]] fan de evangeelje fan Jehannes).

===Berte fan Jezus===
[[File:The Adoration of the Shepherds - Matthias Stom (Stomer) - Google Cultural Institute.jpg|thumb|250px|''Skilderij fan de Oanbidding fan de Hoeders fan de Nederlânske skilder Matthias Stom'' (± 1635)'']]
{{Apart|Berte fan Jezus}}
Neffens it evangeelje fan Lukas wennen [[Joazef fan Nazaret|Joazef]] en [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] yn [[Nazaret]] yn de streek [[Galiléa]] yn it noarden fan [[Israël]], mar waard Jezus berne yn [[Betlehem]] (de stêd fan [[David fan Israel|David]]), om't der om dy tiid hinne in [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[folkstelling]] holden waard. Eltse ynwenner fan it gebiet dêr't [[Herodus de Grutte]] ([[37 f.Kr.]] - [[4 f.Kr.]]), de Romeinske fazalkening, hearske, moast himsels ynskriuwe litte yn de oarspronklike bertestêd fan de foarfaers. Joazef, de oansteande fan Marije, wie fan oarsprong fan [[Judea]] dêr't kening David de foarfaer fan wie. Hy kaam oarspronklik út Betlehem, dêrom moast er mei Marije, dy't fierhinne swier wie, nei Betlehem reizgje en registrearje him. Hja besochten in sliepplak te finen, mar alle herbergen wiene fol. Einlings waard Jezus berne yn in romte dêr't in foerbak, in krêbe, stie, dat neffens in soad oersettings in feestâl wêze moatten hie.
Joazef en Marije krigen dêrnei besite fan pleatslike hoeders, dy't troch in mannichte [[Ingel|ingels]] oer de berte fan de Messias op de hichte steld waarden. Neffems it evangeelje fan Mattéus krigen hja besite fan [[Wizen út it Easten|wizen út it Easten]], gelearden, dy't in reis fan fierwei makke hiene, troch in nij ûntdutsen stjêr de berte fan in kening fêst te stellen. It tal wizen wurdt yn de Bibel net neamd. Herodus I de Grutte wie de kening fan de [[fazalsteat]] [[Judea]] fan it [[Romeinske Ryk]]. De wizen kamen earst by him op besite, om't hja begrepen hiene oan de stân fan de stjêr dat dat der in kening berne wie. Herodus ûntbea doe in tal skriftgelearden om sekuer nei te gean wêr't it plak wêze koe. Hja koene op grûn fan in tekst yn it boek [[Micha (bibelboek)|Micha]] fan it Alde Testamint oan de kening tsjutte dat it Betlehem wie.

Herodus liet de wizen him tasizze en fertel him wêr't dy kening presiis wie, nei't hja him fûn hiene. Herodus hie noed om syn troan doe't er fernaam dat der in mooglike konkurrint berne wie en woe dat gefaar tefoaren komme. De wizen waarden yn in dream lykwols warskôge dat Herodus kweade bedoelings hie. Dêrom giene hja, nei't hja Jezus en syn âlden opsocht hiene, fia in omwei wer werom nei harren thús. Om wis te wêzen dat de oansteande kening fan de Joaden it net oerlibje soe, liet Herodus alle jonges fan ûnder de twa jier yn Betlehem ombringe. Dat barren stie bekend as de [[Bernemoard yn Betlehem]]. Mar Jezus ûntsnapte oan dat moardzjen, om't syn âlden mei him nei op tiid nei [[Flecht nei Egypte|Egypte flechten wiene]], nei't hja yn in dream warskôge waarden. Nei de dea fan Herodus kamen hja lykwols net werom nei Judea, mar ferfearen hja nei Galilea yn de plak Nazaret.

Neffens it kristendom is Jezus Kristus de Soan fan God, de [[Ferlosser]] en part fan Godlike [[Trije-ienheid]]; de rêder fan alle minsken.
Neffens de [[Islam]] is er ien fan de [[profeet|profeten]].

{{stobbe}}

[[Kategory:Joadsk persoan yn de Romeinske Tiid]]