Elía: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Beko (oerlis | bydragen)
Rigel 82:
Yn it [[kristendom|kristlike]] [[Nije Testamint]] fan 'e Bibel wurdt Elía ek ferskate kearen neamd. De profeet [[Jehannes de Doper]], dy't yn 'e [[woastyn]] libbe en de lju oprôp ta ynkear te kommen en har [[doop|dope]] te litten, makke mei opsetsin gebrûk fan symboalen dy't de lju yn syn tiid daliks mei Elía assosjearren. Sa droech er in rûge, kamielehierrende mantel en in learene gurle om 'e mul,<ref>''Evangeelje fan Mattéus'' 3:4, ''Evangeelje fan Markus'' 1:6</ref> en teffens doopte er syn folgelingen yn 'e rivier de [[Jordaan]], dy't ek al in konneksje mei Elía hie. [[Jezus Kristus]] identifisearret Jehannes yn it ''[[Evangeelje fan Mattéus]]'' sels mei safolle wurden mei Elía: ''" 'En as jimme it mar oannimme wolle: Jehannes is de Elía dy't komme soe.' "''<ref>''Evangeelje fan Mattéus'' 11:14</ref> Fierderop seit er nochris: ''" 'Mar Ik sis jimme: Elía hat der al west, mar se hawwe net sjoen dat hy it wie, en mei him dien wat se mar woene.' "''<ref>''Evangeelje fan Mattéus'' 17:12</ref>
 
Yn ''Mattéus'' 17:1-13, it ferhaal dat bekendstiet as ''[[De Ferhearliking op 'e Berch]]'', wurdt ferteld hoe't op 'e top fan in hege berch wêrfan't de namme net neamd wurdt, it antlit fan Jezus begjint te strieljen. De dissipels [[Petrus]], [[Jehannes (apostel)|Jehannes]] en [[Jakobus (apostel)|Jakobus]], dy't by him binne, hearre dan de stim fan God út in wolk wei sprekken: "'' 'Dit is Myn Soan, Myn ynleave Jonge, dêr't Ik sa wiis mei bin. Harkje nei Him.'&nbsp;"''<ref>''Evangeelje fan Mattéus'' 17:5</ref> Ek sjogge se [[Mozes (profeet)|MozesMoazes]] en Elía oan wjerskanten fan Jezus ferskinen. Petrus freget dan oft er trije tinten opsette sil: ien foar Jezus en elk ien foar MozesMoazes en Elía, mar de ferskining blykt mar fan koarte doer te wêzen.
[[File:Transfigurationbloch.jpg|right|thumb|200px|De ferskining fan [[Mozes (profeet)|MozesMoazes]] en Elía by de "ferhearliking op 'e berch".]]
 
Ek Jezus sels wurdt wol ferlike mei Elía, bygelyks as Jezus yn it ''Evangeelje fan Lukas'' oan syn dissipels freget wa't de minsken sizze dat hy is. Dan wurde û.m. de nammen fan Elía en Jehannes de Doper op 't aljemint brocht. Jezus syn lear hie lykwols net in protte gemien mei dy fan Elía; wylst Jezus ferdraachsumheid preke en de minsken oprôp om har fijannen te ferjaan, stie Elía ûnmeilydsum foar ôfwikende mienings oer, en rôp er it folk op om syn fijannen ôf te slachtsjen. Der binne wol oerienkomsten, benammen oangeande de wûndertekens dy't hja ferrochte hawwe soene; allebeide wekken se deaden wer ta libben, en beide makken se dat in einige itensfoarried ûneinich waard (Elía mei de moalpot en oaljekanne fan 'e widdo fan Sarfat, en Jezus as er fan fiif breaën en twa fisken fiiftûzen minsken te iten jout). Mar Jezus nimt yn ''Lukas'' 9:51-56 rigoereus ôfstân fan Elía syn metoaden. Yn dat ferhaal kin er gjin sliepplak fine yn in [[Samaritanen|Samaritaansk]] doarp, om't er op trochreis is nei Jeruzalim, it religieuze sintrum fan it joadendom (de Joaden en Samaritanen libben doedestiden yn ûnmin). Syn dissipels wolle dan hawwe dat er fjoer út 'e himel roppe sil om it doarp te ferdylgjen. It ferhaal einiget mei de wurden: ''"Mar Jezus kearde Him om en sette harren teplak. Doe giene se nei in oar doarp."''<ref>''Evangeelje fan Lukas'' 9:55-56</ref>