Ferskil tusken ferzjes fan "Russysk-Otterdokse Tsjerke"

gjin bewurkingsgearfetting
L (red)
Neffens de leginde is de Russysk-Otterdokse Tsjerke stifte troch de [[apostel]] [[Andréas (apostel)|Andréas]], dy't oan 'e ein fan 'e earste iuw [[Skysje]] en de [[Griken|Grykske koloanjes]] oan 'e noardkust fan 'e [[Swarte See]] besocht hawwe soe. Yn wurklikheid moat de stifting lykwols takend wurde oan grutfoarst [[Wladimir de Grutte]], dy't de tsjerke yn Ruslân fêstige troch yn [[988]] syn ryk, [[Kiëv-Rus]], te kristenjen. Yn [[1448]] waard it patriargaat fan Moskou ûnôfhinklik fan it [[Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel]], mar it duorre noch oant [[1589]] foar't de partriarch fan Konstantinopel dy ûnôfhinklikens ek tajaan woe en Moskou as fyfde eastersk-otterdokse partriargaat (nei [[Konstantinopel]], [[Aleksandrië]], [[Antiochië]] en [[Jeruzalim]]) erkend waard.
 
Nei't Konstantinopel yn [[1453]] yn [[Osmaanske Ryk|Turkske]] hannen fallen wie, begûnen de partriargen fan Moskou harsels wat langer wat mear as feitlik lieder fan 'e gruttere Eastersk-Otterdokse Tsjerke te beskôgjen en de oekumenyske patriarch yn it troch de [[islam|moslims]] besette Konstantinopel inkeld as it symboalysk haad. Moskou waard doe "it Trêde Rome" neamd (nei [[Rome]] sels en Konstantinopel). Dy sitewaasje en dat selsbyld duorre fuort oant nei de [[Oktoberrevolúsje]] fan [[1917]] de [[kommunisme|kommunisten]] yn Ruslân oan 'e macht kamen. Under it [[Sovjet-Uny|Sovjet-rezjym]] hie de Russysk-Otterdokse Tsjerke slim te lijen, net allinnich troch druk fan bûtenút, mar teffens fanwegen ynterne rebûlje. Ferskate tsjerkeskuorrings datearje út 'e iere Sovjet-tiid. Boppedat skate de Russysk-Otterdokse Tsjerke bûten de Sovjet-Uny him ôf fan 'e ûnder kommunistysk tafersjoch steande memmetsjerke.
 
Under it [[Sovjet-Uny|Sovjet-rezjym]] hie de Russysk-Otterdokse Tsjerke slim te lijen, net allinnich troch druk fan bûtenút, mar teffens fanwegen ynterne rebûlje. Ferskate tsjerkeskuorrings datearje út 'e iere Sovjet-tiid. Boppedat skate de Russysk-Otterdokse Tsjerke bûten de Sovjet-Uny him ôf fan 'e ûnder kommunistysk tafersjoch steande memmetsjerke.
 
Yn oktober 2018 loek it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel in beslút út 1683 yn, dat ornearre dat de [[Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke]] ûnder it gesach fan Moskou foel. Dat hie ta gefolch dat de Russyysk-Otterdokske Tsjerke in ein makke mei de bannen mei it Oekumenysk Patriargaat. Yn 2019 beskuldige Moskou it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel fan ketterij.
 
== Hjoed de dei ==
Sûnt de ein fan 'e [[Kâlde Oarloch]] en it útinoar fallen fan 'e Sovjet-Uny hat de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Ruslân syn âlde posysje fan steatstsjerke grutdiels wer werom witten te winnen. Yn 'e mande mei alle autosefale tsjerken ûnder syn bewâld hat de Russysk-Otterdokse Tsjerke wrâldwiid likernôch in ledetal fan 150 miljoen; dat is likefolle as alle oare eastersk-otterdokse tsjerken mei-inoar. (Al moat dêrby oantekene wurde dat dat sifers binne fan 'e Tsjerke sels; oare boarnen skatte it tal leauwenden folle leger yn, en komme dêrby bgl. út op in 60 miljoen Russysk-otterdoksen yn Ruslân.) Under alle kristlike tsjerken stiet de Russysk-Otterdokse Tsjerke kwa oantal leden op it twadde plak, nei de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]]. Neffens sifers út [[2010]] beslachtbesloech de Russysk-Otterdokse Tsjerke 160 bisdommen mei 30.142 parochysparochy's, betsjinne troch 207 biskoppen, 28.434 preesters and 3.625 diakens. Fierders binnewiene der 788 kleasters, mei dêrûnder 386 for mûntsen en 402 foar nonnen.
 
Yn 2016 wie it tal russysk-otterdokske kleasters yn Ruslân al tanommen ta 926, wylst it tal parochy's fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke yn Ruslân oan it begjin fan 2019 al 38.000 telde.<ref>Frysk Deiblêd, 31.01.2019</ref>
 
== De Russysk-Otterdokse Tsjerke en ûnderhearrichheden ==
** de autonome [[Japansk-Otterdokse Tsjerke]] (mei syn sit yn [[Tokio]], yn [[Japan]])
** de autonome [[Otterdokse Tsjerke fan Sina]] (opheft)
** (oanstriidber) de autonome [[Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (Moskousk Patriargaat)]] (mei syn sit yn [[Kiëv]], yn 'e [[Oekraïne]]; betsjinnet benammentlik de [[Russyske minderheid yn de Oekraïne]])
** de autosefale [[Moldavysk-Otterdokse Tsjerke]] (mei syn sit yn [[Chisinau|Chişinău]], yn [[Moldaavje]])
** de autosefale [[Letsk-Otterdokse Tsjerke]] (mei syn sit yn [[Riga]], yn [[Letlân]]; betsjinnet de [[Russyske minderheid yn Letlân]])
5.539

bewurkings