Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 4:
 
== VVD Fryslân ==
Yn de provinsje [[Fryslân]] is de oanhing fan de VVD tusken 1956 en 1974 groeid fan 8,4 % nei 11,8%. Yn de jierren '70 bleau de elektoarale groei fan de VVD provinsjaal efter by de lanlike tendins. Dit kin gearhingje mei in fêstere bining fan de Fryske kiezers mei de eigen partij, wêrtroch 't politike ferskowings hjir kanker friesland! @rdamstudent42.2! minder yngripend binne. Oan de oare kant wie by de Steateferkiezings de konkurrinsje fan de [[FNP]] in mooglike faktor. Gemeenten dêr't de VVD by de Steateferkiezings fan 1974 measr as 15% fan de stimmen helle wienen Skylge (34%), Flylân (13,7%), It Amelân (24,4%), Skiermûntseach (18,9%), Weststellingwerf (17,2%), Baarderadiel (16%) en Utingeradiel (15,1%).
 
Gemeentlik arbeidet de VVD faak op mei oare (benammen RK) politike minderheden ûnder de namme 'gemeentebelangen'. Troch de groei by Keamer- en Steateferkiezings yn 1972 en 1974 waard it yn in oantal fan dizze gemeentes mooglik, mei in eigen VVD-list út te kommen.