Deputearre Steaten fan Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ferwiist troch nei Deputearre Steaten
 
Sybrand (oerlis | bydragen)
Removed redirect to Deputearre Steaten
Rigel 1:
{{Polityk yn Nederlân}}
#REDIRECT [[Deputearre Steaten]]
[[Ofbyld:Koninklijk Wapen van het Koninkrijk der Nederlanden (1907).jpg|thumb|right|200px|''Wapen fan Nederlân'']]
[[Ofbyld:Friesland wapen.svg|thumb|right|200px|''Wapen fan Fryslân'']]
De Deputearre Steaten is it deistich bestjoer fan in Nederlânske provinsje. Se binne te ferlykjen mei de kolleezjes fan boargemaster en wethâlders, sa't Nederlânske gemeenten dy ha.
 
De Deputearre Steaten besteane út de [[Kommissaris fan de Kening|kommissaris fan de kening]] en de deputearren. De deputearren wurde foarsitten troch de kommissaris. Yn Fryslân is dat [[Arno Brok]]. De kommissaris wurdt foar seis jier beneamd troch it Ryk. De deputearren wurde alle fjouwer jier keazen troch [[Provinsjale Steaten]] (de Steaten). De leden fan de Steaten binne keazen troch it folk by de provinsjale ferkiezingen.
 
Eltse deputearre hat eigen taakgebieten. Normaal wurde deputearren beneamd nei ûnderhannelingen oer in koälysje tusken fraksjes yn de Steaten. Sûnt it ynfieren fan de Wet dualisearring provinsjebestjoer yn 2003 binne de deputearren gjin lid mear fan de Provinsjale Steaten. It tal deputearren fariearret per provinsje. Fryslân hat fiif deputearren.
 
== Yn Fryslân ==
 
Yn Fryslân is [[Arno Brok]] sûnt 2017 de [[kommissaris fan de kening]]. Hy sit de Deputearre Steaten dus ek foar. Regina Bouius-Riemersma is yn Fryslân de provinsjesekretaris.
 
=== 2007-2011 ===
 
It Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan [[CDA]], [[PvdA]] en [[KristenUny]], dy't mei-inoar 27 fan de 43 sitten yn de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân]] hiene. Dit wiene de deputearren:
 
* [[Piet Adema]] (CU)
* [[Sjoerd Galema]] (CDA)
* [[Hans Konst]] (PvdA)
* [[Tineke Schokker-Strampel]] (CDA)
* [[Jannewietske de Vries]] (PvdA)
 
=== 2011-2015 ===
 
It Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan [[PvdA]], [[CDA]] en [[FNP]], dy't foar it earst yn de koälysje sieten en dus ek foar it earst in deputearre ôflevere. Mei-inoar hiene de trije partijen 23 fan de 43 sitten yn de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân]]. Dit wiene de deputearren:
 
* [[Johannes Kramer]] (FNP)
* [[Hans Konst]] (PvdA)
* [[Sietske Poepjes]] (CDA) (folge yn desimber 2011 [[Sjoerd Galema]] op)
* [[Tineke Schokker-Strampel]] (CDA)
* [[Jannewietske de Vries]] (PvdA)
 
=== 2015-2019 ===
 
It Kolleezje fan Deputearre Steaten is yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan [[CDA]], [[VVD]], [[Sosjalistyske Partij|SP]] en [[FNP]], dy't mei-inoar 23 fan de 43 sitten yn de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân]] hiene. Dit binne de deputearren:
 
* [[Klaas Kielstra]] (VVD)
* [[Johannes Kramer]] (FNP)
* [[Sietske Poepjes]] (CDA)
* [[Sander de Rouwe]] (CDA)
* [[Michiel Schrier]] (SP)
 
=== 2019-2023 ===
 
Op 20 maart 2019 binne der wer Provinsjale Steateferkiezingen. Nei't yn de Steaten in koälysje foarme is, wurde de deputearren foar de kommende perioade keazen.
 
[[Kategory:Oerheid fan Nederlân]]
[[Kategory:Provinsje fan Nederlân|*]]
[[Kategory:Polityk yn Nederlân]]