The Beatles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 11:
== Ferneamd wurde ==
[[Ofbyld:Paul McCartney on stage in Prague.jpg|left|190px|thumb|Paul McCartney]]
Op [[1 jannewaris]] [[1962]] dogge de Beatles in audysje foar it Decca label. Mar se krije as kommentaar dat yn groepen mei gitaren gjin takomst sit. Yn april gean de Beatles foar in tredde searje optredens foar twa moannen nei [[Hamburch]]. Dêr oankommen hearre se it berjocht dat harren âlde freon Stuart Sutcliffe deagong is oan in [[harsenbliedingharsensblieding]]. De groep is der kapot fan.
 
Op 6 juny dogge de Beatles audysje foar [[George Martin]], in platenproduser. Dizze wol it mei de groep besykje ûnder ien betingst: Pete Best moat de groep ferlitte. Hy kin gjin maat hâlde neffens George Martin. De groep akseptearret. De nije drummer is [[Ringo Starr]] (echte namme: Richart Starkey). De Beatles binne no kompleet. Op [[23 augustus]] trout [[John Lennon]] mei syn freondinne [[Cynthia Powell]] dy't yn ferwachting is. De earste single komt út op [[5 oktober]] [[1962]]. Yn Ingelân ferskynt it ferske nei trije wiken yn de hitparade. It ferske hjit: ‘Love me do’. Se komme foar it earst op telefyzje op [[7 novimber]] by Granada Telefyzje. It jier wurdt ôfsletten mei in searje optredens yn de Star Club yn Hamburch.
 
 
== De earste nûmer 1 hit ==