Romeinske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
New image
Rigel 3:
 
== Oarsprong en útwreidzjen ==
[[Ofbyld:Acaugustus.jpg|thumb|right|150px|Keizer [[Gaius Julius Caesar Octavianus|Augustus]]]]
It ferskil mei de Republyk wie benammen fan politike aard. De Romeinske steat is ûntstien út de ''[[polis]]'' fan [[Rome (stêd)|Rome]] yn it gea fan [[Latium]] yn [[Itaalje]], neffens de leginde stifte yn [[753 f.Kr.]] troch [[Romulus en Remus]].
Yn de, neffens de Romeinske oerlevering twahûndertfyftich jier duorjende (753 - 509 f.Kr.) keningstiid, binne der nei Romulus noch seis (gruttendiels legindaryske) keningen west. Yn 509 f.Kr. waard kening [[Tarquinius Superbus]] de stêd útjage. Hy hie troch syn tirannike gedrach in grutte haat oer him ôfroppen. Hjirnei waard de stêd in republyk mei in bjusterbaarlike kriichsmasine (it [[Romeinske leger]]) en in goed rinnend systeem fan ynstellings en wetten. Binnen in pear iuwen waard Itaalje feriene ûnder Romeinske lieding. Dat barde troch bûnsgenoatskippen oan te gean mei buorfolken mar ek troch agressive ekspânsje-oarloggen. Ut Itaalje wei oermastere [[Rome (stêd)|Rome]] it hiele [[Middellânske See]] gebiet. Earst wie [[Kartago]] oan bar, dêrnei waarden de [[hellenisme|hellenistyske]] steaten yn it easten en súdeasten fan de see ûnderwurpen. Op itselde stuit kaam ek West-Jeropa ûnder Romeinsk gesach. It ryk waard dêrtroch sa grut dat de
republikeinske struktueren net mear tarikkend wienen.
 
[[Ofbyld:Acaugustus.jpg|thumb|right|150px|Keizer [[Gaius Julius Caesar Octavianus|Augustus]]]]
De oergong nei it keizerryk wie in tiid mei in protte argewaasje. [[Julius Caesar|Caesar]] en [[Gaius Julius Caesar Octavianus|Augustus]] stiften in ryk dat ûnder keizer [[Trajanus]] syn grutste omfang krije soe. It rikte fan [[Skotlân]] oant [[Mauritaanje]], fan dêr oant [[Sûdan]] en de [[Iran|Iraanske]] heechlannen, [[Georgje]], de [[Krim]], bylâns de [[Donau]] en de [[Ryn]] oan de Nederlânske kust ta.
 
== Bestjoer ==
[[Ofbyld:Hardknott Castle Principia.jpg|right|thumb|Ferbleaun fan in Romeinske [[fort]] yn Hardknott, [[Cumbria]], [[Ingelân]].]]
Yn dat mânske ryk waard in protte talen sprutsen, mar twa talen wiene fan algemien belang: it [[Latyn]] yn it westen en it [[Gryksk]] yn het Hellenistyske easten. De bestjoerders en de yntellektuele elite sprutsen beide talen as ''[[lingua franca]]''.