Ferhearliking op 'e Berch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L dien
Rigel 18:
 
==Oanwêgens fan de profeten==
Under in soad teologyske gelearden is der in soad redendield oer de oanwêzigens fan de profeten en de gewaarwurding fan de dissipels. [[Origenes]] wie de earste dy't neamde dat de oanwêzigens fan Moazes en Elía de "Wet en de Profeten" fan de [[Torah]], en de rest fan de [[Hebriuwsk]]eHebriuwske Bibel]], fertsjintwurdige. [[Marten Luther]] seach dat ek sa en tocht dat harren erkenning en petear mei Jezus as in symboal hoe't Jezus de "Wet en Profeten" ferfolle hie.<br/>
[[Jehannes Krysostomos]] neamde trije mooglikheden wêrom't Moazes en Elía njonken Jezus setten waarden. Njonken harren fertsjintwurdiging fan de Wet en de Profeten, soe it kinne dat Moazes al dea wie en Elía noch as yn libben beskôge wurde koe. Om harren beide te neamen betsjutte it dat God in God fan de libbenen en de deaden wie. De oare mooglikheid dy't er neamde wie dat se eltsenien, dy't fisjoenen fan God hân hiene, fertsjintwurdigen.<br/>
Tsjerken en persoanen, dy't yn de ''[[Sliep fan de siel]]'' leauwe, leauwe net yn in lichaamlike oanwêzigens fan de profeten. Ferskate berjochten neame dat Jezus de Ferhearliking omskreaun hie mei it [[Gryksk]]e wurd ''orama'', dat brûkt waard foar earder in supernaturale fyzje as in lichaamlik foarfal.