Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 15:
Foar it libbensferhaal fan Jezus brûke kristenen de boeken, dy't part fan de [[Nije Testamint]] fan de Bibel wurden wiene, en dan benammen de fjouwer evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes. Elts evangeelje hat syn eigen karakter. It evangeelje fan Jehannes wykt it measte fan de oaren ôf. Hoewol't in tal ferhalen hast letterlik op inoar lykje, benammen by dy fan Mattéus en Markus, komme oare foarfallen mar yn ien of twa fan de evangeeljes foar.<br/>
De fjouwer evangeeljes befetsje meiïnoar sa'n 4% oer de berte fan Jezus, sa'n 62% oer it wurk fan Jezus en sa'n 32% oer it [[Krusiging|krusigjen]] en [[Opstanning|opstean]]. Dêrnjonken binne der noch in tal stikken dy't net oer it libben fan Jezus geane, lykas de beskriuwing fan de foarteam fan Jezus en it wurk fan [[Jehannes de Doper]] (it [[prolooch]] fan de evangeelje fan Jehannes).
 
===Stambeam===
Fan de fjouwer evangeeljes jouwe allinne Mattéus en Lukas in beskriuwing fan Jezus syn stambeam. Lykwols sit der in grut ferskil yn de werjeften yn dy twa evangeeljes en ferskate kearen wie besocht om dy ferskillen út te lizzen. Beide werjeften beskriuwe dat Jezus in neikomling fan [[David fan Israel|kening David]] en fan [[Abraham (aartsfaar)|Abraham]] wie. De genealogy tusken Abraham en David komme yn de beide evangeeljes oer ien, mar ferskille se tusken David en Joazef. Mattéus begjint mei [[Salomo]] en neamt alle keningen fan Juda oant en meide lêste kening [[Jojakin fan Juda|Jojakin]]. Nei Jojakin einige de line fan de keningen om't de [[Babyloanjers]] Juda ynnamen. Neffens Mattéus is Jezus de wettige erfgenamt fan de troan fan Israël. Lukas syn stambeam is langer as dy fan Mattéus en giet sa fier tebek as [[Adam]] en jout mear nammen tusken David en Joazef.<br/>
 
===Berte fan Jezus===
Line 23 ⟶ 26:
Herodus liet de wizen him tasizze en fertel him wêr't dy kening presiis wie, nei't hja him fûn hiene. Herodus hie noed om syn troan doe't er fernaam dat der in mooglike konkurrint berne wie en woe dat gefaar tefoaren komme. De wizen waarden yn in dream lykwols warskôge dat Herodus kweade bedoelings hie. Dêrom giene hja, nei't hja Jezus en syn âlden opsocht hiene, fia in omwei wer werom nei harren thús. Om wis te wêzen dat de oansteande kening fan de Joaden it net oerlibje soe, liet Herodus alle jonges fan ûnder de twa jier yn Betlehem ombringe. Dat barren stie bekend as de [[Bernemoard yn Betlehem]]. Mar Jezus ûntsnapte oan dat moardzjen, om't syn âlden mei him op tiid nei [[Flecht nei Egypte|Egypte flechten wiene]], nei't hja yn in dream warskôge waarden. Nei de dea fan Herodus kamen hja lykwols net werom nei Judea, mar ferfearen hja nei Galilea yn it plak Nazaret.
 
====It datearjen fan Jezus syn berte====
Om't Jezus berne waard doe't Herodus noch libbe (want dy wie yn 4 f.Kr. ferstoarn), moat Jezus berne wêze om 4 f.Kr. hinne. Herodus liet alle jonges fan twa jier en jonger ombringe, dus waard it tradisjonele bertejier fan Jezus tusken 6 f.Kr. en 4 f.Kr. setten.