Ferskil tusken ferzjes fan "Jezus (tradisjoneel-kristlik)"

stavering moat hifke
(stavering moat hifke)
{{stavering}}
[[Ofbyld:00058 christ pantocrator mosaic hagia sophia 656x800.jpg|thumb|Jezus Kristus ôfbylding yn de [[Hagia Sophia]].]]
'''Jezus fan Nazaret''', yn it algemien bekend as '''Jezus Kristus''' wie de sintrale persoan yn it [[Kristendom]], dêr't it fan "Kristus" ôflaat is. Hy wie ek in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" wie ôflaatkomt fan it [[Gryksk]]e ''Χριστός'' (''Christós''), dat "salvling" betsjut, en besibbe is oan it útfan it [[Hebriuwsk]] ôflate ''[[Messias]]''. De namme "Jezus" komt fan it Grykske '' Ίησους'' (''Iesoûs''), dat in [[Hellenisme|hellenisearring]] fan it Hebriuwsk-[[Arameesk]]e ''ישוע'' (''Jesjûa'' of ''Jesjû'') is, en dat "[[JHWH]]" betsjut.

AsOft der in [[Jezus (histoarysk)|histoaryske Jezus]] bestien hat, dêr ferskille de mienings fan [[skiedkundige]]n oer.
Neffens it kristendom is Jezus Kristus de Soan fan God, de [[Ferlosser]] en part fan de Godlike [[Trije-ienheid]]; de rêder fan alle minsken. Syn komst waard yn it [[Alde Testamint]] fan de [[Bibel]] foarsein en hy soe út de dea wei wer opstean.

Jezus sels hat gjin skreaune wurk efterlitten, en de ferneamdste beskriuwings fan syn libben binne de fjouwer [[kanonike evangeeljes]] fan [[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]], [[Evangeelje fan Markus|Markus]], [[Evangeelje fan Lukas|Lukas]] en [[Evangeelje fan Jehannes|Jehannes]] en in tal [[Apokryf|apokrive]] boeken.

Yn de [[Islaam]] wurdt Jezus ('''Isa''') as ien fan God syn leafste en wichtichste [[Profeet|profeten]] beskôge, allyk as in bringer fan hillige skriften, in wûnderwurker en de Messias. Moslims leauwe lykwols net sa lykas kristenen yn it [[Krusiging|krusigjen]] en de godlikens fan Jezus, mar leauwe dat it krusigjen in godlike drôch wie en dat er mei lea opnaam waard yn de himel. De measte moslims leauwe wol dat er weromkomme sil nei de ierde.

==Jezus yn deit Kristlike leauwe==
Neffens it kristlike leauwen is Jezus de iennige Soan fan God. Hy wie de [[Messias]] dy't troch God yn it [[Alde Testamint]] ([[Tenach]]) fia de [[Profeet|profeten]] tasein waard ([[Jesaja (bibelboek)|Jesaja]] 53:3 en fierder), de Salvling fan God, de [[Ferlosser]] fan de minsken fan harren sûnden en dy't de ienklang tusken God en de minsken, dy't ferbrutsen wie as gefolch fan de [[sûndefal]] fan de earste minsken yn it [[Paradys]], wer ophelpt. Neffems de Bibel waard Jezus berne en rêd de minsken fan harren sûnden. Neffens de [[evangeelje]]s makke syn dea de fermoedsoening mei God de Heit mooglik, om't hy de straf foar de sûnden fan de minsken op him naam. Jezus is it ''Laam fan God dy't de sûnden fan de wrâld fuort hellet''. It rjochtfeardigjen yn it leauwen krige dêrtroch in nije betsjuttenis: in elts dy't Jezus folget, sil foar God rjochtfeardige wêze.

Sintraal yn it kristlike leauwen binne de yn it Nije Testamint beskreaune [[Berte fan Jezus]] ([[Kryst]]), syn dea oan it krús ([[Goedfreed]]), de [[Opstanning fan Jezus|Opstanning]] út de dea ([[Peaske]]), de [[Himelfeart fan Jezus|Himelfeart]] ([[Himelfeartsdei]]), it delkommen fan de [[Hillige Geast]] op syn [[dissipel]]s ([[Pinkster]]) en it [[Weromkommen fan Jezus|Weromkommen]].