Ferskil tusken ferzjes fan "Jezus (tradisjoneel-kristlik)"

(stavering moat hifke)
 
===Stambeam===
Fan de fjouwer evangeeljes jouwe allinne Mattéus en Lukas in beskriuwing fan Jezus syn stambeam. Lykwols sit der in grut ferskil yn de werjeften ynfan dy twa evangeeljes. en ferskateFerskate kearen wiewaard besocht om dy ferskillen út te lizzen. Beide werjeften beskriuwe dat Jezus in neikomling fan [[David fan Israel|kening David]] en fan [[Abraham (aartsfaar)|Abraham]] wie. De genealogy tusken Abraham en David komme yn de beide evangeeljes oer ienoerien, mar se ferskille se tusken David en Joazef. Mattéus begjint mei [[Salomo]] en neamt alle keningen fan Juda oant en meidemei de lêste kening [[Jojakin fan Juda|Jojakin]]. Nei Jojakin einige de line fan de keningen om't de [[Babyloanjers]] Juda ynnamen. Neffens Mattéus is Jezus deit wettige erfgenamt fan de troan fan Israël. Lukas syn stambeam is langer as dy fan Mattéus en giet sa fier tebek as [[Adam]] en dy jout mear nammen tusken David en Joazef.<br/>
 
===Berte fan Jezus===
Doe't Jehannes de Doper troch kening [[Herodus Antipas]] (soan fan Herodus de Grutte) finzennaam en ûnthalze waard, naam Jezus syn wurk oer. Ynstee fan oer it oardiel, dat Jehannes preke, preke Jezus oer de genede fan God. De evangeeljes fertelle dat er troch gâns [[Palestina]] reizge. Hy sette dêrmei út ein yn Galilea en preke yn ferskate [[synagoge]]n en ek op in soad plakken bûtendoar. Hy gie om mei smeulske minsken, lykas [[prostituee]]s en tolgarders. Hy die in soad wûnders sa as bygelyks: it genêzen fan minsken fan sykten, ferdreau kweageasten, liet minsken út de dea wei wer libje, rûn oer it wetter hinne, bêde in stoarm del, feroare wetter ta wyn en joech fiiftûsen taskôgers iten mei fiif bôlen en twa fisken. Ek ferjage er jildwikselders en keaplju fan it timpelplein. Hy redendielde gauris mei Joadske gelearden. Ek socht er gauris in plak op dêr't er allinne ta syn Heit, God, bidde koe.<br/>
Hy reizge lykwols net allinne, mar keas tolve manlju dy't syn [[dissipels (Kristendom)|dissipels]] (learlingen) en skielk, nei syn dea (en opstean), [[apostel]]s (boadskippers) neamd waarden. De measten fan harren wiene fiskers út Galilea. Trije fan harren, [[Petrus (apostel)|Petrus]], [[Jehannes (apostel)|Jehannes]] en [[Jakobus (apostel)|Jakobus]] stiene tichter by Jezus as de oaren. Ta oanwizing dêrfan wie it feit dat hja de iennige tsjûgen wiene fan inkelde bysûndere foarfallen. Bygelyks by de [[Ferhearliking op 'e Berch]], dêr't Jezus syn wêzen en klean feroaren en [[Moazes]] en [[Elía]] oan harren ferskinen en in stim út in himelske glâns harren opropte nei Jezus te harkjen: ''Dit is Myn Soan, Him haw Ik útkeazen, harkje nei Him''. Njonken de tolve disipels folgen der in grut tal oare manlju en froulje Jezus op syn paad troch it lân. De dissipel [[Judas Iskariot]] bleau him lykwols net trou.
 
===Arrestaasje===
Nei't Jezus en syn dissipels justjes foar [[Pesach]] (Joadske [[Peaske]]) yn Jeruzalim oankamen, hie Judas Iskariot, ien fan syn dissipels, him foar it beteljen fan tritich sulverlingen, útlevere oan de Joadske hegepreesters. De arrestaasje fûn plak justjes nei it [[Lêste Nachtmiel]], dy't Jezus mei syn dissipels fierd hie en dêr't er harren fuotten waske hie> Dat foarfal wie neffens harren in bysûndere die fan nederigens. Jezus waard midden yn 'e nacht oppakt yn it [[Getsemanee|Hôf fan Getsemanee]], dat in hôf fan [[olyf|olyfbeammen]] krekt bûten de muorren fan Jeruzalim wie.
 
===Rjochtsaak===
Jezus waard ûnderfrege troch de [[Sanhedrin]], de Joadske Rie fan Aldsten, de oerpreesters en Skriftgelearden, mei as foarsitter]] [[Kajafas]]. Dêrnei waard er ûnderfrege troch de Romeinske [[prefekt]] fan Judea (''Praefectus Iudaeae'')[[Pontius Pilatus]]. Pilatus stjoerde him nei kening [[Herodus Antipas]], om't dy it sizzenskip oer Galilea hie en om't Jezus fan Galilea kaam, dochs dy stjoerde him werom nei Pilatus. Jezus waard doe beskuldige fan godslasterlike útspraken, mar Pilatus seach gjin reden him de deastraf te jaan. Hy joech ta ûnder druk fan de Joadske lieders en feroardielde him ta it [[Krusiging|krusigjen]], dat yn dy tiid in gebrûklike, dochs tige wrede foarm fan deastraf foar dyjingen, dy't sjoen waarden dy't de oarder fersteurden, wie.
 
===It krusigjen===
It fûnis waard sletten op de heuvel [[Golgota]], krekt bûten Jeruzalim. Tagelyk mei Jezus waarden der ek twa oare feroardielden krusige. Boppe syn holle waard in buordsje befêstige mei de tekst: ''Iesus Nazarenus Rex Iudaeorum'' (Jezus fan Nazaret, kening fan de Joaden). Op in soad skilderstikken stiet ''INRI'' oanjûn.<br/>
Syn ferstjerren duorre seis oere lang, fan moarns om njoggen oere oant middeis om trije oere (yn dy tiid hiet dat it tredde oant it njoggende oere fan de dei). Om tolve oere middeis hinne waard it oer it gânse lân tsjuster. Nei't Jezus him utere ''It is dien'', sykhelle er foar de lêste kear en doe ferstoar er. Neffens Mattéus fûn der dêrnei in [[ierdskodding]] plak.<br/>
Neffens Joadske wet mochten liken nachts en op Sabbat net hingjen bliuwe. Op fersyk fan de Joaden waard de dea fan de oare twa feroardielden ferhastige troch harren fuotten te brekken, sa't se dêr net mear op stypje koene. Dat barde net by Jezus, om't dy al ferstoarn wie.
 
 
4.734

bewurkings