Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
{{stavering}}
[[Ofbyld:00058 christ pantocrator mosaic hagia sophia 656x800.jpg|thumb|Jezus Kristus ôfbylding yn de [[Hagia Sophia]].]]
'''Jezus fan Nazaret''', yn it algemien bekend as '''Jezus Kristus''' wie de sintrale persoan yn it [[Kristendom]], dêr't "Kristus" ôflaat is. Hy wie ek in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" komt fan it [[Gryksk]]e ''Χριστός'' (''Christós''), dat "salvling" betsjut, en besibbe is oan it fan it [[Hebriuwsk]] ôflate ''[[Messias]]''. De namme "Jezus" komt fan it Grykske '' Ίησους'' (''Iesoûs''), dat in [[Hellenisme|hellenisearring]] fan it Hebriuwsk-[[Arameesk]]e ''ישוע'' (''Jesjûa'' of ''Jesjû'') is, en dat "[[JHWH]]" betsjut.<br/>
Line 45 ⟶ 44:
 
===Arrestaasje===
[[Ofbyld:Leonardo da Vinci (1452-1519) - The Last Supper (1495-1498).jpg|300px|thumb|[[It Lêste Nachtmiel]]'' fan [[Leonardo da Vinci]]]]
Nei't Jezus en syn dissipels justjes foar [[Pesach]] (Joadske [[Peaske]]) yn Jeruzalim oankamen, hie Judas Iskariot, ien fan syn dissipels, him foar it beteljen fan tritich sulverlingen, útlevere oan de Joadske hegepreesters. De arrestaasje fûn plak justjes nei it [[Lêste Nachtmiel]], dy't Jezus mei syn dissipels fierd hie en dêr't er harren fuotten waske hie> Dat foarfal wie neffens harren in bysûndere die fan nederigens. Jezus waard midden yn 'e nacht oppakt yn it [[Getsemanee|Hôf fan Getsemanee]], dat in hôf fan [[olyf|olyfbeammen]] krekt bûten de muorren fan Jeruzalim wie.
 
===Rjochtsaak===
[[Ofbyld:Antonio Ciseri Ecce Homo.png|thumb|left|''Ecce homo'' (Sjoch nei dy man). Jezus foar Pontius Pilatus. [[Antonio Ciseri]] 19e iuw]]
Jezus waard ûnderfrege troch de [[Sanhedrin]], de Joadske Rie fan Aldsten, de oerpreesters en Skriftgelearden, mei as foarsitter [[hegepreester]] [[Kajafas]]. Dêrnei waard er ûnderfrege troch de Romeinske [[prefekt]] fan Judea (''Praefectus Iudaeae'') [[Pontius Pilatus]]. Pilatus stjoerde him nei kening [[Herodus Antipas]], om't dy it sizzenskip oer Galilea hie en om't Jezus fan Galilea kaam, dochs dy stjoerde him werom nei Pilatus. Jezus waard doe beskuldige fan godslasterlike útspraken, mar Pilatus seach gjin reden him de deastraf te jaan. Hy joech ta ûnder druk fan de Joadske lieders en feroardielde him ta it [[Krusiging|krusigjen]], dat yn dy tiid in gebrûklike, dochs tige wrede foarm fan deastraf foar dyjingen, dy't sjoen waarden dy't de oarder fersteurden, wie.
 
===It krusigjen===