Kobe Bryant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sybrand (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 27:
 
== Biografy ==
Bryant groeide in part fan syn jeugd op yn [[Itaalje]], om't syn heit dêr spile. Doe't Kobe Bryant as ''rookie'' yn de NBA kaam, waard er fuortendaliks beskôge as in mooglike opfolger fan [[Michael Jordan]]. Hy spile dêrfoar op de Lower Merion High School (yn Ardmore, by Philadelphia) en makke de stap nei de NBA sûnder dêrfoar collegebasketbal te spyljen.
 
=== Titels yn de NBA ===
Rigel 58:
Bryant wûn twa kear goud mei de [[Feriene Steaten]] op de [[Olympyske Simmerspullen]]. By de [[Olympyske Simmerspullen 2008|Spullen fan 2008]] stie Amearika yn de finale tsjinoer [[Spanje]], dêr't [[Pau Gasol]] foar spile, doe ploechgenoat fan Bryant by de Lakers. Yn de finale wûn Amearika mei 118-107.
 
Fjouwer jier letter, by de Spullen yn Londen, stiene deselde twa lannen yn de finale. En op 'e nij wûn Amearika, diskear mei 107-100.
 
== Dear Basketball ==