Ferskil tusken ferzjes fan "Swansea City AFC"

Gjin feroaring yn grutte ,  1 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
L
 
 
==Football League Trophy==
Swansea City is mei aartsrivaal [[Cardiff City]] de ienige klubklup út Wales dy't ea yn de heechste Ingelske difyzje útkaam. Yn 1912 waard it doetiidske Swansea Town oprjochte, en begûn it yn de Southern League. De earste kompetysje-wedstriid spile it op 7 septimber 1912, tsjin Cardiff City. It waard 1-1. Fan 1912 oant 2005 spile Swansea yn The Vetch Field. De klubklup groeide nei ferrin fan tiid út it stadion. Boppedat rekke it mear en mear yn ferfal en waard ferfanging hyltyd needsaakliker. Op 23 july 2005 spile it tsjin [[Fulham FC]] de iepeningswedstriid fan it nije [[Liberty Stadium]] (it waard 1-1). De namme fan it nije stadion komt fan de sponsor ''Liberty Properties''. De fans neamden it leaver it ''White Rock Stadium'', sa't de oarspronklike namme liedt.
 
Lyk as yn 1993/94 wûn Swansea tiidens it seizoen 2005/06 de [[Football League Trophy]] troch mei 2-1 te winnen fan [[Carlisle United]]. De wedstriid waard foar 42.000 taskôgers spile yn it [[Millennium Stadium]] yn [[Cardiff]]. ''The Swans'' einige dat seizoen boppedat op it sechsde plak yn de kompetysje. Dat plak joech harren it rjocht om yn de play-offs promoasje nei de [[Championship]] ôf te twingjen. Yn de finale spile it tsjin [[Barnsley]]. Nei njoggentich minuten stie it 2-2 en it ferlear op penalty's mei 3-4.
 
[[Kategory:Welske fuotbalklubfuotbalklup]]
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1912]]
732

bewurkings