Stripper: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Sybrand (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
[[File:Danni Ashe 2.jpg|right|thumb|200px|[[Danni Ashe]], in earder stripper en slûchslim sakefrou, dy't mei har pionierswurk op it mêd fan 'e [[neakenfotografy]] op it [[ynternet]] (fia har webside ''Danni's Hard Drive'') foar kaptalen fertsjinne hat.]]
In '''stripper''' (letterlik: "útklaaister") is in profesjoneel [[eroatysk dûnseresse]] dy't in [[striptiis]] opfierd yn [[stripklubstripklup]]s, iepenbiere ekspo's en op priveeôfspraken (yn 'e regel op feestjes, hoewol't foarstellings foar ien inkele persoan ek foarkomme). Yn 'e Feriene Steaten wurdt de term "stripper" tsjintwurdich trouwens as minderweardich beskôge en jout men de foarkar oan 'e omskriuwing ''dancer''. Oars as yn 'e oarspronklike striptiis, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e [[Amerikaansk burleske|Amerikaanske burleske]], in soarte fan revu, wurdt yn 'e tsjintwurdige, amerikanisearre foarm fan strippen de ynteraksje tusken klant en artyste ta it minimum beheind. Ek is de klam ferskood fan it tiis-aspekt (it pleagjen) nei it strip-aspekt (it útklaaien). De ynfiering fan 'e no rûnombywêzige [[stripperpeal]] hat strippen fierders ta in folle akrobatysker oefening makke as dat it foarhinne ea wie.
 
Net eltse stripper beëiniget har dûns folslein neaken, hoewol't dat oer it algemien al wenst is ynsafier't de pleatslike wetjouwing it talit. Hoewol't strippen ornaris assosjearre wurdt mei froulju, wurdt hast in trêde fan 'e beropsgroep foarme troch manlju. Yn stripklubsstripklup s (benammentlik yn [[Noard-Amearika]]) wurdt fierders ûnderskie makke tusken ''house dancers'' en ''feature dancers''. ''House dancers'' binne oan in beskate stripklubstripklup of keatling fan stripklubsstripklups ferbûn, al binne se der faak net yn tsjinst, mar binne se ynstee gauris selstannige ûndernimmers dy't in kontrakt mei de oangeande klubklup of keatling fan klubsklups ôfsletten hawwe. ''Feature dancers'' binne strippers dy't fan harsels ferneamd binne (faak om't se namme makke hawwe as [[pornoaktrise|aktrise]] yn 'e pornoyndustry), en dy't op toernee geane troch it hiele lân.
 
{{boarnen|boarnefernijing=