Wikipedy:Dochs wat regels: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Protected "Wikipedy:Dochs wat regels": dit hie fansels altyd al op slot sitte moatten ([Bewurkje=Allinnich behearders] (indefinite) [Omneame=Allinnich behearders] (indefinite))
Lebel: Weromsetting
Rigel 9:
 
==Oare regels==
* De stavering fan lannenammen kin net troch ien meidogger op eigen manneboet feroare wurde. As in meidogger fynt dat de stavering fan 'e namme fan in lân oanpast wurde moat, kin er dat op 'e oerlisside fan 'e Wikipedy op 't aljemint bringe. Nei in wiidweidige diskusje dêr't alle behearders by belutsen wurde en alle meidoggers dy't dat wolle oan bydrage kinne, sil der dan in stimming oer it foarstel holden wurde, wêrby't it prinsipe fan 'measte stimmen telle' jildt. (Dizze regel is ynfierd nei't der yn it ferline spul oer de stavering fan lannenammen west hat.)
 
De rest is mear advys:
* Meitsje jo net te drok om de regels. Meidwaan oan de Wikipedy moat aardich bliuwe. Mar om't wy de teksten mei-inoar meitsje, sil in tekst dy't jo skriuwe grif oanpast wurde as in oar fynt dat it de tekst de fjouwer F-en net achtet. (Eltse side hat in oerlisside om soks troch te praten.)