Ferskil tusken ferzjes fan "Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk"

Moarn mear [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 14 feb 2019, 22.46 (CET)
:Goeie Ieneach. Jo hiene juster in nije regel taheakke oan it bytsje regels dat wy hawwe. Ik freegje my it folgjende ôf: soe it net better wêze, yn't algemien, in nije regel earst foar te lizzen oan de Wikymienskip, harren ynspraak te jaan mei it each op draachflak? Oars sorry dat ik jo feroaring juster sa hastich weromset ha. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 15 feb 2019, 19.20 (CET)
 
::{{Ping|Drewes}} Goejûn, Drewes. Ik haw it weromsetten fan myn tafoeging, sûnder dat jo dy weromsetting mei-iens in ûnderbouwing of reden joegen, wol in bytsje as koartôf ervaren, dat ik wurdearje it dat jo hjirboppe even sorry sizze. Sân deroer, we binne allegear wolris wat rimpen, dêr prate we fierders net mear oer. En as jo mienden dat ik op eigen manneboet nije regels oan it optinken bin, wurdt jo dwaan foar my ynienen in stik begrypliker. As de rollen omdraaid wiene, hie ik dan miskien ek wol wat rimpen reägearre. Mar der is hjir blykber sprake fan in misferstân, want ik haw it hielendal net as nije regel bedoeld.
 
::Yn myn belibbing haw ik gjin nije regel taheakke, mar in besteande regel fêstlein, wat fansels folle earder dien wurde moatten hie, mar ik haw der net earder op sind. Pas doe't ik jo diskusje mei Frou Watzema juster lies op 'e oerlisside fan John Preston Neale (wêryn't jo seinen dat 'Dochs noch wat regels' alle regels omfiemet dy't we hjir yn 'e Fryske Wikipedy hawwe), betocht ik ynienen dat dizze regel der noch net by stie. Dêrom haw ik myn edit ek karakterisearre as "aktualisearring".
 
::Neffens my is dizze regel nammentlik ''de facto'' fêstlein yn 'e hiele diskusje oer lannenammen mei Yn 'e Wâlden en syn Ukraïne-Oekraïne- en Jûgoslaavje-Joegoslaavje-feroarings. No sille jo grif sizze dat der doe net sprutsen is oer in regel, en dêr hawwe jo yn prinsipe ek gelyk oan, want dat is mei safolle wurden ek net bard (leau ik -- om hielendal wis te wêzen soe ik de hiele diskusje even weromlêze moatte en om earlik te wêzen haw ik dêr gjin sin oan). Mar yn elts gefal hawwe wy doe stimd oer de stavering fan lannenammen. As jo ienris in stimming holden hawwe, dan leit dêr neffens my yn besletten dat de útkomst net mear feroare wurde kin sûnder in nije stimming te hâlden, oars hat it hâlden fan 'e earste stimming gjin inkele sin. Mei myn tafoeging oan 'Dochs noch wat regels' woe ik dus inkeld even fêstlizze dat de stavering fan lannenammen net wer troch ien meidogger op eigen manneboet en nei eigen smaak feroare wurde kinne (sa't Yn 'e Wâlden doe dien hat en sa't weromdraaid is by de stimming dy't wy doe holden hawwe). [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 15 feb 2019, 22.22 (CET)