Abdij fan Westminster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks bouwurk | namme = Westminster Abdij ''Collegiate Church of St Peter'' | ôfbylding = Westminster-Abbey.JPG | ôfbyldingsbreedte...
 
red
Rigel 17:
| type bouwurk = [[Tsjerke]]
| keatling =
| boujier = FanôfFan 1065 ôf
| sloopjier =
| arsjitekt =
Rigel 33:
| webside = [https://www.westminster-abbey.org/ Side Westminster Abbey]
}}
'''Westminster Abbey''' (offisjeel de '''Kollegiale Tsjerke fan Sint-Petrus'''; [[Ingelsk]]: ''Collegiate Church of St Peter'') is de nasjonale tsjerke fan Ingelân. Sûnt de kroaning fan [[Willem de OermastereOermasterder]] yn 1066 binne alle Ingelske en Britske foarsten yn de Westminster Abbey kroand. Ek wurde dêr tradysjoneel de begrafenissen fan leden fan it Britske keningshûs holden en wurde der houliken sletten fan de keninklike famylje. Njonken de funksje fan nasjonale tsjerke stiet de tsjerke fol mei tal fan grêven en monuminten foar minsken dy't in wichtige rol spile ha yn de Britske skiednis. Meiïnoar fûnen likernôch 3.300 minsken hjirdêr harren lêste rêstplak. Dat jout de Westminster Abbey neffens de Noarske [[mytology]] de bynamme fan it "Britske [[Walhalla (mytology)|Walhalla]]".
 
De [[GotykIngelske gotyk|goatyske]] tsjerke waard yn 1987 mei it [[Paleis fan Westminster|Westminster Palace]] en de [[Saint Margaret's Church]] ynskreaun op de wrâlferfgoedlist fan [[UNESCO]].
 
== Skiednis ==
Rigel 41:
[[File:Layout Of Westminster Abby.svg|thumb|left|250px|''Plattegrûn fan Westminster Abbey'']]
[[File:VIEW , ®'s - DigiGraf - Ð - ┼ , City of WESTMINSTER GREATER LONDON ENGLAND - panoramio (5).jpg|thumb|260px|''Eastlike Marijekapel (1503-1519'']]
Neffens in leginde soe de tsjerke werom gean op de stifting fan in abdij op in eilân yn de [[Teems]] ûnder kening Sæberht fan Esseks, doe't in fisker in fizioen hie oer [[Petrus]]. Yn de tiid fan Edward de Belider waard de abdij yn [[Normandyske arsjitektuer|Normandyske]] styl ferboud (1045-1065). Op 28 desimber 1065 waard de [[Benediktinen|benediktynske]] delsetting ynwijd. De kening sels wie doe al te siik om de plechtigheid by te wenjen en waard nei syn dea yn de tsjerke byset. It iennige ôfbyld fan dy earste abdij stiet op it fernemade [[TapijtTapyt fan Bayeux]]. De lokaasje tichteby it keninklike paleis fan Westminster, it bestjoerssintrum fan it lân, droech by oan macht dy't de abt en de muontsen tafoel yn de iuwen nei de Normandyske oermastering.
 
De goatyske ferbouwing yn de styl fan de Frânske heechgotyk fan de abdij sette fanôf 1245 ûnder kening [[Hindrik III fan Ingelân|Hindrik III]] útein. Oant 1269 wiene it [[Koer (tsjerke)|koer]], it [[transept]] en it eastlike diel fan it [[Skip (tsjerke)|tsjerkeskip]] mei de oanbuorjende [[kleastergong]] en it [[kapittelhûs]] foltôge. De boumaster fan dat diel fan de tsjerke stiet bekend ûnder de namme ''Henry of Reyns'', dy't mooglik út Reims kaam en dêr ek oan de [[Notre-Dame de Reims|Notre-Dame]] wurke hat. It âld [[Romaanske arsjitektuer|romaanske]] skip bleau noch wol hûndert jier oan de nijbou stean mar waard ôfbrutsen om tusken 1376 en 1506 it tsjerkeskip te foltôgjen yn deselde styl as de rest fan de tsjerke. De bou waard foltôge troch de arsjitekt Henry Yevele ûnder it regear fan [[Richard II fan Ingelân|Richard II]]. [[Hindrik VII fan Ingelân|Hindrik VII]] liet tusken 1503-1519 de oan [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] wijde kapel yn de [[Ingelske gotyk|perpendicular styl]] tafoegje, ien fan de moaiste let-goatyske gebouwen fan Jeropa.
 
==== Reformaasje ====
De abdij waard mei de brek mei Rome en ynfiering fan in nasjonale [[Protestanten|protestantske]] tsjerke ûnder [[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]] lykas alle oare kleasters en abdijen yn it lân ophevenophefd. De katolike keninginne [[Marije I fan Ingelân|Marije I]] joech de abdij werom oan de muontsen, mar fan har suster en [protestanske opfolger [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth I]] moasten de muontsen de gebouwen wer en no foargoed ferlitte. Elizabeth ferliende de tsjerke yn 1579 de tsjerke de status fan ''royal peculiar''; in tsjerke dy't streekrjocht ûnder de ferantwurdlikens fan de foarst en net ûnder dy fan de aartsbiskop fan Canterbury kaam te fallen en makke der de ''Collegiate Church of St Peter'' fan, in net-katedrale tsjerke mei in kapittel fan koarhearen ûnder lieding fan in dekaan dy't troch de Kroan beneamd wurdt. De tsjerke hie slim te lijen ûnder de turbulinte jierren 1640, doe't [[puriteinen]], mar profitearre yn de tiid fan de [[Mienebêst Ingelân|Mienebêst]] fan de beskerming troch de Steat. [[Oliver Cromwell]] krige yn de tsjerke yn 1658 noch in grutte begraffenis yn de tsjerke, mar waard yn 1661 opgroeven en postúm ophinge oan 'e galge by [[Tyburn]], it plak dêr't misdiedigers ophongen waarden.
[[File:London UK Interior-of-Westminster-Abbey-02.jpg|thumb|left|''Ynterieur'']]
==== 18-19e iuw ====
Rigel 52:
[[File:Coronation of Queen Elizabeth II Couronnement de la Reine Elizabeth II.jpg|thumb|200px|''Kroaning fan keninginne Elizabeth II yn de Westminster Abbey'']]
==== Twadde Wrâldkriich ====
De skea oan de Westminster Abbey yn de [[Twadde Wrâldkriich]] bleau op 15 novimber 1940 noch beheind, mar op 10 maaie waarden de gebouwen troffen troch brânbommen. De bommen waarden al gau ûnskealik makke troch leden fan de loftbeskerming, mar ien bom boppe it noardlike transept wie dreech benei te kommen en ûntplofte. It fjoer fan de baarnende balken die al gau it daklead ranen en begûn fan boppe ôf te fallen op it tsjerkemeubilêr. Meiwurkers droegenbrochten sa folle mooglik meubilêr yn feiligens, mar moasten harren weromlûke. Mei it ynstoarten fan it dak yn de krusing koe lang om let fierdere fersprieding fan it fjoer tefoarren kommen wurde.
 
==== Nei de oarloch ====
Yn de jierren 1990 waarden der twa ikoanen fan de [[Ruslân|Russyske]] ikoanenskilder Sergej Fjodorov hongen yn de tsjerke. Yn 1997 waard foar it earst yntree frege oan it grutte tal toeristen, dat yn dy tiid alle jierren al op likernôch 1.,75 miljoen rûsd waard. Op 6 septimber 1997 waard de begraffenis holden fan [[Diana, prinsesse fan Wales|Diana]], prinsesse fan Wales. Op 17 septimber 2010 wie [[Benediktus XVI|paus Benediktus XVI]] de earste paus dy't in foet sette yn de abdijtsjerke sette.
 
Yn 2009 waarden der plannen makke foar de earste grutte bouwurksumheden sûnt 250 jier. In kroanfoarmige ôfsluting boppe de [[Krusing (tsjerke)|krusing]] waard útsteld, dy't de lege pyramide fan nei 1950 ferfange moast, waard útsteld. It wie in ûnderdiel fan in grutter projekt dat £ 23 miljoen kostje moast en foltôge waard yn 2013. Nettsjinsteand it tariedend wurk dat al dien wie, makke de deken yn 2010 bekend dat der fan in ''corona'' boppe de krusing ôfsjoen waard.
 
On 29 april 2011 fûn it ynsegenjen fan it houlik fan prins [[William, hartoch fan Cambridge|William]] en [[Catherine, hartoginne fan Cambridge|Catherine Middleton]] plak yn de abdij.
Rigel 64:
 
== Bou en ynterieur ==
De haadyngong is oan de westlike kant. It portaal wurdt mei foarstellings fan de fjouwer kristlike deugden Wierheid, Gerjochtichheid, Barmhertigens, Frede en tsjien 20e -iuwske martlers omseame.
<center><gallery perrow=6 widths="500px" heights="200px">
File:Westminster Abbey - 20th-century Martyrs.jpg|thumb|''Bylden fan 20e -iuwske martlers''
</gallery></center>
 
Rigel 74:
Yn it súdlike transept is de ''Poets' Corner'' mei in monumint foar [[Shakespeare]] de grêven fan û.o. [[Geoffrey Chaucer|Chaucer]], [[Alfred Tennyson|Tennyson]], [[Robert Browning|Browning]], [[Henry Wadsworth Longfellow|Longfellow]], [[Charles Dickens|Dickens]] en [[Georg Friedrich Händel|Händel]]
[[File:SanktEdvardsstol westminster.jpg|thumb|''Kroaningstroan'']]
FanútUt it noardlike diel fan it dwersskip kommewei jo ynkin de achter it heechalter lizzende Kapel fan Edward de Belider berikt wurde. Yn it midden stiet dêr de sark fan de yn 1066 ferstoarne kening. Dêrefter stiet de kroaningstroan, dêr't oant 1996 ûnder it sitflak de saneamde ''Stone of Scobe'' bewarre waard. Op dy stien waarden eartiids iuwenlang de [[Skotlân|Skotske]] kenings kroand, oant [[Edward I fan Ingelân|Edward I]] de stien yn it jier 1297 meinaam. De stien waard yn de Kryst fan 1950 stellen en nei lang sykjen werom fûn. Yn 1996 waard de stien, dy't as in symboal fan de ienheid fan Ingelân en Skotlân jildt, wer oan Skotlân oerdroegen. Sûnt wurdt de stien yn it Slot fan Edinburgh bewarre. Yn de kapel steane de sarken fan Hindrik III, Edward I, Edward III, Richard II en Hindrik V.
== Oargel ==
It oargel fan de Westminster Abbey is ferdield oer de noardlike en súdlike kant fan it westlike diel fan it koerskip. It ynstrumint waard yn 1937 boud troch de Britske oargelbouwer Harrison & Harrison (Meadowfield) en foar de earste kear brûkt foar de kroaning fan [[George VI fan it Feriene Keninkryk|George VI]].