Grinzer Feankoloanjes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 15:
Yn it Goarjocht en it Aldamt wie de posysje fan de stêd wis better. De stêd wie al ferbûn mei de [[Hunze]], nei't it graven fan it ''Schuitendiep'', dat by [[Reahoanne (grins)|Reahoanne]] op de Hunze oansleat, ree wie. Yn [[1611]] joech it stedsbestjoer de opdracht en ferlingje it ''Schuitendiep'' ta [[Wynskoat]], dat neitiids bekend stiet as it [[Wynskoaterdjip]].<br/>
De earste partiluliere inisjativen ta it winnen fan turf ûntstiene yn it begjin fan de [[santjinde iuw]]. In kompanjy út [[Rhenen]] by [[Utert (stêd)|Utert]] wie warber yn it gebiet fan it hjoeddeiske [[Hegesân]]. By [[Alde Pekela|Pekela]] wie de [[Pekelkompanjy]] úteinset mei it winnen fan turf. Doe't de Utertske kompanjy yn jildneed siet, seach de stêd fannijs in kâns in gruttere posysje te krijen. De Utertske kompanjy moast it grutste part oan de stêd ôfstekke. Boppedat krigen njoggen hearen út de stêd Grins it rjocht in kompanjy te foarmjen. It kontrakt waard yn [[1647]] tekene en dêrnei sette de ''Grinzer of Borger Kompanjy'' út ein.
 
==Ommelannerwyk==
It gewest Stêd en Lân, dat nei de Reduksje fan Grins foarme waard, wie in twongen houlik tusken de stêd Grins en de Ommelannen. It súkses fan de stêd mei it iepenlizzen fan it fean, noasken de Ommelanner jonkers net. Guon fan harren besleat de konkurrinsje mei de stêd oan te gean en set eigen inisjativen op yn it feangebiet.
 
==Barefjild en Stedskanaal==
[[Ofbyld:Stadskanaal vanaf de watertoren.jpg|250px|thumb|Stedskanaal hjoed-de-dei]]
It Boertanger Fean rint oer de grins mei [[Drinte]]. It Drintske diel wie yn besit fan de ferskate doarpsmienskippen op de Hûnsrich. Dy hiene harren oant de santjinde iuw beheind ta lytsskalich oanmeitsjen fan de râne fan it feangebiet, dêr't turf ôffierd waard oer de Hunze. De Hunze wie lykwols net gaadlik foar grutte frachten fan de Drintske feangrûn en dêrom wie in nije ferbining nedich.<br/>
Dat noaske de stêd net, om't it wolris de priis drukke koe. As der yn Drinte turf wûn wurde soe, woe de stêd wis wêze dat de turf oer Grins ferfierd waard. De measte kanalen yn it feangebiet wiene yn besit fan de stêd, mei útsûndering fan it [[Boppedjip]] by [[Feandam]], dat oant [[Barefjild]] ta rûn. De stêd wist it Hûs Barefjild te bemachtigjen en koe sa it ôffieren fan de turf fan de Drintske fean oer it Boppedjip te foaren komme.<br/>
Dochs it blokkearjen fan it Boppedjip soarge lykwols ek foar problemen foar de stêd. Der wie noch hieltyd in grutte lape grûn yn it súdeasten dat noch oanmakke wurde moast. Om dy te ûntsluten sette de stêd �út ein mei it oanlizzen fan it [[Stedskanaal]]. De stêdlike reginten woene dat nije kanaal op it [[Kielsterdjip]] oanslute litte, mar dan moast der by Barefjild in ferbining makke wurde. Dy ferbining soe dan oan it Boppedjip oanslute. Einlings waard it oer Drinte ferbûn, dêr't Lambertus Grevijlink dwaande wie de [[Annerveenschekanaal|Anner Feanen]] oan te meitsjen. Mei him waard oerienkaam oer in ferbining troch de Anner Feanen dat oansletten wurde soe op it Kielsterdjip. It kanaal einige by it eardere kleaster fan [[Ter Apel]], dat mei it omlizzende feangebiet sûnt de Reduksje eigendom fan de stêd Grins wie.