Beetstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Zwerfsteen_park_gemeentehuis_Beetsterzwaag.jpg ferfange troch Adam_en_Eva_door_Jan_Loman_park_gemeentehuis_Beetsterzwaag.jpg (troch [[commons:User:CommonsDelinker|CommonsDelin
Rigel 26:
Doe ‘t yn [[1804]] in nije tsjerke boud wurde koe, kaam dy wer op itselde plak, efter de bebouwing fan de Haadstrjitte. De tsjerke is in kloeke, ienfâldige sealtsjerke, mei in trijekantich koar en in toer mei in achtkantige spits en in liedklok út [[1739]]. Yn de [[20e iuw]] is der in konsistoarje bij oanboud.
 
Oan de westkant fan de Haadstrjitte stiet it út [[1839]] datearjende neoklassisistyske, eardere [[gritenij]]hûs dat yn [[1909]] ferhege is foar it kantongerjocht. Noch westliker stiet [[Fockensstate]], in neitins oan de âldste fêstiging fan de elite. De âlde Fockensstate waard yn 1878 ôfbrutsen om dêrfoar yn it plak in foarein fan in pleats, nei in ûntwerp fan [[Luitje de Goed]], del te setten. Dêr yn ‘e buert is yn [[1822]] [[Lyndenstein]] boud, dat letter in bernesikehûs waard en dêrta yn [[1917]] ferboud waard. It bûten hie in [[oertún]] fan [[Lucas Roodbaard]].
 
Oan de eastlike flank fan de Haadstrjitte stiet it yn [[1824]] stichte [[Lycklamahûs]] mei in koetshús, dat ferskate kearen feroare is en no diel útmakket fan it gemeentehûs. Ek by dit aadlike hûs hearre tunen; yn de [[oertún]] steane kassen út de 19e iuw. Troch de frij sletten lintbebouwing fan de Hoofdstraat ha de útwreidings fan nei de oarloch – earst yn it suden en letter grutskaliger yn it noarden – ferbinings krigen dy ‘t in steech-karakter ha. Sa liket is dat de fariearde bebouwing amper ûnderbrutsen is.