Grinzer Feankoloanjes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L dien
lytsguod
Rigel 1:
[[Ofbyld:Locatie Veenkoloniën.png|250px|thumb|De Grinslânske Feankoloanjes]]
[[Ofbyld:Hoogveenontginning door Jacobus Sibrandi Mancadan.jpg|thumb|250px|It oanmeitsjen fan it heechfean yn de omkriten fan Wildervank om 1650 hinne, skildere troch [[Jacobus Sibrandi Mancadan]]]]
De '''Grinzer Feankoloanjes''', of yn 't koart: de ''Feankoloanjes'', is de namme fan in gebiet yn it sudeastensúdeasten fan de provinsje [[Grinslân]]. It omfiemet it grûngebiet fan de eardere gemeente [[Hegesân-Sappemar]] (no part fan de gemeente [[Midden-Grinslân]]), de gemeenten [[Feandam]], [[Pekela]] en [[Stedskanaal]], in part fan de eardere gemeente [[Menterwâlde]], dat no ek part fan Midden-Grinslân is, en [[Flachtwedde]], dat no part fan de gemeente [[Westerwâlde (gemeente)|Westerwâlde]] is. It foarheaksel "Grinzer" ferwiist nei de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] en net nei de provinsje. De stêd hie it sizzenskip oer de [[feanterij]]. It wiene winliken koloanjes fan de stêd. Yn in tal plakken, sa as bygelyks Stedskanaal, is dat noch hieltyd werom te sjen yn it gemeentewapen en de gemeenteflagge.
Oant yn de [[santjinde iuw]] wie der suver gjin bewenning yn it gebiet, dochs allinne in bytsje by de rânen del dêr't wat [[Turf|turf]] ôfgroeven waard. Dêrnei is suver alle turf ôfgroeven en is der alhiel in nij gea ûntstien, dêr't de [[Lintdoarp|lintbebeouwing]], by njonkelytsen al wer tichtsmiten [[Kanaal (wetterwei)|kanalen]] del, oerhearsket.

== Fean ==
De hjoeddeiske [[feankoloanje]]s lizze yn de âlde [[Sân Seelannen|Fryske]] goa [[Aldamt]] en de goaën [[Goarjocht]] en [[Westerwâlde]]. Yn de ein fan de [[Lette Midsiuwen]] slagge de stêd Grins deryn en win it gesach yn dy gebieten. Dy gebieten stiene dêrnei bekend as ''[[stedsjurisdiksjes fan Grins|stedsjurisdiksjes]]''.

In grut part fan it gea waard foarme troch it [[heechfean]]kompleks, dat bekend stiet as it [[Boertanger Fean]]. Dat gebiet rint fan de rivier de [[Iems |Iems]] yn it easten ta de [[Dollard]] yn it noarden, en ta de [[Hûnsrich]] yn it súdwesten. It gebiet wie slim te berikken, útsein allinne yn Westerwâlde, dêr't in smelle sânrêch leit, dêr't in bytsje bewenning wie.

Yn de [[Iere Midsiuwen]] waard der op lytse skaal al wat [[Turfstekke|turf stutsen]] as part fan it oanmeitsjen fan it fean by de râne fan it gebiet del, en yn gruttere skaal troch [[kleaster]]s dy't in grut part fan it gebiet yn besit hiene. Yn de [[sechtjinde iuw]], en benammen yn de folgjende [[Gouden Iuw]], naam de fraach nei turf hurd ta en dat late ta it op grutte skaal oanmeitsjen fan heechfeangebieten.

== It úteinsetten: Hegesân, Sappemar en Pekela ==
De earste feankompanjyen ûntstiene yn de tiid fan de [[Tachtichjierrige Kriich]], benammen om [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] hinne yn [[Fryslân]]. Nei de [[Reduksje fan Grins]] yn [[1594]] kaam al it kleasterguod, mei de wiidweidige heechfeangebieten ynbegrepen, oan it nije gewest [[Stêd en Lân]]. De stêd krige 25 prosintpersint fan al it kleasterguod en hie de foarkar foar it lânguod dat yn de Stedsjurisdiksjes lei. In grut part fan it heechfeangebiet kaam dus yn it besit fan de stêd, wylst de stêd ek it foech oer dy geaën hie. De stêd krige dêrmei in soad te sizzen oer it oanmeitsjen fan it grutte heechfeangebiet. Mei it keapjen fan lytse stikken grûn, dy't fan strategysk belang wiene, koe de stêd syn ynfloed hieltyd fierder útwreidzje.

De earste kear dat de stêd besocht ynfloed te krijen yn it ôfgraven fan de turf mislearre. De stêd slagge der lykwols net yn om yn it [[Westerkertier]] de [[feanterij]] fan de [[Ommelannen|Ommelanner]] [[Jonker (persoan)|jonker]] [[Wigbolt fan Ewsum]] yn hannen te krijen. Dy wie yn de sechtjinde iuw úteinset mei it oanmeitsjen fan de feangrûn om syn [[boarch]] [[Nienoard]] hinne. Wigbolt hie him lykwols fersjoen op it finansjele mêd en moast al syn besit fuort dwaan nei in fallisemint.

Yn it Goarjocht en it Aldamt wie de posysje fan de stêd wis better. De stêd wie doe al ferbûn mei de [[Hunze]], nei't it graven fan it ''Schuitendiep'', dat by [[Reahoanne (grinsGrins)|Reahoanne]] op de Hunze oansleat, ree wie. Yn [[1611]] joech it stedsbestjoer de opdracht en ferlingje it ''Schuitendiep'' oant [[Wynskoat]] ta, dat neitiids bekend stiet as it [[Wynskoaterdjip]].

De earste partiluliere inisjativen ta it winnen fan turf ûntstiene yn it begjin fan de [[santjinde iuw]]. In kompanjy út [[Rhenen]] by [[Utert (stêd)|Utert]] wie warber yn it gebiet fan it hjoeddeiske [[Hegesân]]. By [[Alde Pekela|Pekela]] wie de [[Pekelkompanjy]] úteinset mei it winnen fan turf. Doe't de Utertske kompanjy yn jildneed kaam te sitten, seach de stêd fannijs in kâns in gruttere posysje te krijen. De Utertske kompanjy moast it grutste part oan de stêd ôfstekke. Boppedat krigen njoggen hearen út de stêd Grins it rjocht in kompanjy te foarmjen. It kontrakt waard yn [[1647]] tekene en dêrnei sette de ''Grinzer of Borger Kompanjy'' út ein.

== Ommelannerwyk ==
It gewest Stêd en Lân, dat nei de Reduksje fan Grins foarme waard, wie in twongen houlik tusken de stêd Grins en de [[Ommelannen]]. It súkses fan de stêd mei it iepenlizzen fan it fean, noasken de Ommelanner jonkers net. Guon fan harren besleatbesleaten de konkurrinsje mei de stêd oan te gean en set eigen inisjativen op yn it feangebiet.

== Barefjild en StedskanaalStedskanaa l==
[[Ofbyld:Stadskanaal vanaf de watertoren.jpg|250px|thumb|Stedskanaal hjoed-de-dei]]
It Boertanger Fean rint oer de grins mei [[Drinte]]. It Drintske diel wie yn besit fan de ferskate doarpsmienskippen op de Hûnsrich. Dy hiene harren oant de santjinde iuw beheind ta lytsskalich oanmeitsjen fan de râne fan it feangebiet, dêr't turf ôffierd waard oer de Hunze. De Hunze wie lykwols net gaadlik foar grutte frachten fan de Drintske feangrûn en dêrom wie in nije ferbining nedich.

Rigel 25:
Dy snuorje luts in soad arbeiders út [[Fryslân]], [[Grinslân]], de [[Kop fan Oerisel]] en [[Dútslân]] oan.

== Stedsmeierrjochten ==
Ynearsten gie't it neffens de stêd benammen om it winnen fan de turf. Dochs wist de stêd dat nei it winnen fan de turf de gebieten harren wearde hâlde soene. Al yn de earste kontrakten hie de stêd de betingst dat in feanter, nei't er it turf wûn hie, dat de oerbleaune grûn yn kultuer brocht wurde moast. Dat wie it saneamde [[dellinggrûn]]. De stêd regele it sa dat earme grûn ynearsten rjocht hie op de [[dong]], dy't de stêd sels produsearre.

De grûn dy't de stêd sels yn besit hie, waard ferhierd. Dêr ferwiisde de stêd nei in âld Frysk rjochtsfiguer, de ''[[beklemming]]'', it saneamde ''[[stedsmeierrjocht]]''.
De stêd bleau eigener fan de grûn, mar de meier (hierder) hie sa'n sterke posysje dat er genôch kâns hie en bou in goed boerespultsje op.

== Nei de Frânske tiid ==
De Frânske tiid betsjutte de ein fan de stêd as hear oer grutte parten fan de provinsje. Ek de Feankoloanjes waarden ferparte yn gemeenten, dêrby't de rôl fan de stêd as iepenbier bestjoerder einige. It priveerjochtlik besit fan de stêd waard lykwols troch de nije bestjoerders gewurde litten. Ek nei de Frânske tiid, doe't de nije gemeenten ek ûnder it nije [[Keninkryk fan de Nederlannen]] bestean bleaune. Mei syn wiidweidich besit koe de stêd ek sûnder hearlike rjochten noch hieltyd de ûntwikkeling fan it gebiet beynfloedzje.

De âlde feankoloanjes ûntjoegen, benammen [[Sappemar]], [[Alde Pekela]] en [[Feandam]], harren ta grutte doarpen dêr't, nei it winnen fan turf, genôch oare mooglikheden fûn waard, sa as bygelyks de [[skipsbou]], striekarton en de [[Ierdappel|ierdappelmoal]]yndustry. Benammen Feandam, dat gjin besit fan de stêd Grins wie, ûntjoech him sels ta in yndustrystêd.

== Nijsgjirrich ==
De Feankoloanjes hawwe in eigen [[Grinslânsk]] dialekt, it [[Feankoloniaalsk]]. Dat dialekt wurdt lykwols ek yn de oangrinzgjende Drintske feankoloanjes sprutsen.

[[Kategory:Diel fan Grinslân]]