Wigle fan Aytta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Wurken: dêre
Ried fan Steat
Rigel 2:
'''Wigle fan Aytta fan Swichum''', út it [[Frysk]] [[latinisearre]] ta '''Viglius ab Aytta Zuichemus''' ([[Barrahûs]], [[19 oktober]] [[1507]] – [[Brussel (stêd)|Brussel]], [[8 maaie]] [[1577]]) wie in foaroansteand Nederlânsk steatsman, dy't benammen as rjochtsgelearde grutte namme makke hat. Hy wie in treflik legist en benammen in fûleindich ferdigener fan it [[katolisisme]], mar ek [[Humanist]] yn de styl fan [[Desiderius Erasmus|Erasmus]], dy't er persoanlik koe.
 
== Biografy ==
Viglius wie in soan fan [[Folkert fan Aytta]] dy't de eartiidse úthôf fan it Burgumer kleaster fan 1503 ôf yn erfpacht hie. Hy makke opgong op grûn fan syn bekwaamheden, net op grûn fan komôf en berte. As Fryske boeresoan, studearre hy Letteren en Rjochten yn [[Leuven]], [[Dole]], [[Avignon]] en [[Valence (Drôme)|Valence]]. Ek nei syn stúdzjes hâlde hy ta yn de universitêre fermiddens fan Frankryk, de Dútske lannen, Switserlân en Itaalje, wêr't hy wittenskiplike relaasjes hie mei ferskate gelearden. Hy waard dosint yn de rjochten yn [[Padua (stêd)|Padua]], en tusken 1535 en 1541 wie hy efterinoar lid fan it [[Rykskeamergerjocht|Reichskammergericht]] yn [[Speyer]] en heechlearaar (rjochten) te [[Ingolstadt]].
 
Yn [[1541]] waard hy troch [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] beneamd as lid en yn [[1549]] sels ta foarsitter fan de ''[[Geheime Ried]]'' yn Brussel. Boppedat waard hy yn [[1543]] ek lid fan de [[Grutte Ried fan Mechelen]] en yn [[1554]] foarsitter fan de ''[[Ried fan SteateSteat]]''. As ien fan de meast foaroansteande juristen fan it destiidske Jeropa wie hy it brein fan it Habsburchske regearingsapparaat yn Brussel. Nei de dea fan syn frou krige Viglius de ambysje om ta proast fan it [[Gint]]ske Sint-Baafskapittel beneamd te wurden, en om dy reden liet hy him troch kardinaal [[Antoine Perrenot de Granvelle|Granvelle]] yn [[1562]] ta pryster wije.
 
Viglius wie in trou tsjinner fan kening [[Filips II fan Spanje|Filips II]], wat net weinimt dat hy ek krityk hie op de polityk fan de kening en benammen op dy syn religjeuze ûnferdraachsumens, mar kruskearre hat er de kening nea. By de ôfkundiging fan de ''"Matiging"'' troch [[Margaretha fan Parma]] betoande Viglius him in foarstanner fan de foarstelde maatregels. Mei [[Fernando Álvarez de Toledo|Alva]] koe hy lykwols minder goed opsjitte: wol hie hy in grut oandiel yn dy syn ''Criminele Ordonnantie'', mar ûnder mear troch syn pleidoai foar ôfhâldendheid yn de [[ketter]]ferfolging, syn relaasjes mei "fertochte" humanisten en syn fûleindich ferset tsjin de "[[Tsiende Pinning]]" helle hy him Alva's hate op'e hals. Yn [[1569]] gie hy ôf as foarsitter fan de ''Geheime Ried'', mar bleau foarsitter fan de ''Ried fan State''.
Rigel 26:
Sûnt 2018, 511 jier nei syn berte, hat Wigle fan Aytta in stânbyld foar de [[Kânselarij (Ljouwert)|Kânselarij]] yn Ljouwert. It waard makke troch [[Hans Jouta]] en op 19 oktober ûntbleate troch [[Herman van Rompuy]], de eardere foarsitter fan de [[Ried fan Europa]].
 
== Literatuer ==
* [[René Dekkers]], ''Het humanisme en de rechtswetenschap in de Nederlanden'', 1938.
* [[Jos Monballyu]], ''Viglius Aytta van Zwichem'', yn: 550 jaar Universiteit te Leuven, Leuven, 1975.