Sâltkamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ried fan Steat
Rigel 1:
[[Ofbyld:Herfoarme tsjerke Sâltkamp.JPG|thumb|right|250px|''Herfoarme tsjerke'']]
'''Sâltkamp''' (Offisjeel: ''Zoutkamp'') is in [[doarp]] yn de gemeente [[De Marne (gemeente)|De Marne]] yn de provinsje [[Grinslân]]. It doarp hat 1.200 inwenners. De namme ferwiist nei de lizzing oan de eartiidke [[Lauwerssee]] (kamp = fjild). De ynwenners hiene eartiids de bynamme ''Skylfiskkoppen'' of ''Flintboksems''.
 
== Skiednis ==
Rigel 6:
It plak wurdt foar it earst neamd yn [[1418]] as '''Soltcampum'''. Faaks hat de namme te krijen mei it [[Sâltwinning út moar|winnen fan sâlt]] út [[sâltfean]]. De earste ynwenners wienen wierskynlik soldaten, dy't letter folge waarden troch fiskers. Om 1580 hinne, yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] wie der in [[skâns]] ''Soltecampe'', boud oan de mûning fan it [[Reitdjip (rivier)|Reitdjip]] yn de [[Lauwerssee]], as bolwurk fan de [[Spaanske Nederlannen]]. Yn de jierren dêrnei waarden út [[Fryslân]] wei, doe al part fan de lettere [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]], plondertochten troch wettergeuzen makke yn de omkriten fan Sâltkamp en waarden doarpen as [[Warfhuizen]] en [[Zuurdijk]] yn de brân set. Yn de neifolgjende jierren waarden plannen makke om de ferdigeningswurken yn de [[Ommelannen]] opnij te ferôverjen om sa de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] oanfalle te kinnen. Op [[15 oktober]] [[1589]] sylde [[Willem Loadewyk fan Nassau]] mei 800 man út [[Eastmahorn]] nei de ''Soltkamp'' en ferôvere dat plak yn de saneamde ''[[Slach om Sâltkamp|Slach om de Soltkamp]]''.
 
It plak bleau dêrnei noch iuwenlang in militêre festing. Ein [[18e iuw]], yn de [[Frânske tiid]], waard in fersterke kustbatterij oanlein, sadat it bolwurk doe in [[bastion]] mei in [[Batterij (militêr)|batterij]] oan de eastkant hie. Yn 1882 waard de militêre festing ophefdopheft.
[[Ofbyld:Haven van Zoutkamp 1936. Scholte F.W..jpg|thumb|250px|Haven fan Sâltkamp yn 1936.]]
[[Ofbyld:Sâltkamp Reitdjip.JPG|thumb|right|250px|Reitdjip mei Sâltkamp op de eftergrûn.]]
Rigel 19:
 
=== Ein fiskerij en Heiploeg ===
Oant de ôfsluting fan de Lauwerssee yn [[1969]], wie Sâltkamp in fiskershaven. De fiskersskippen hiene de koade ZK. Yn it ferline wie it in wichtige oanfierhaven foar [[grenaat|grenaten]]. Dêrtroch krige it plak in grenateferwurkjende fabryk, [[Heiploeg]]; de grenaten waarden troch de minsken thús peld. Troch strange regeljouwing op it mêd fan hygiëne koe dat net meat út en wurdt dit wurk no yn [[Marokko]] dien. Heiploeg is út it sintrum wei ferhúzeferhuze en hat no in hypermoderne fabryk bûten it doarp, dy't op it heden de grutste fan Jeropa is. In fiskferwurkjende ôfdieling fan it bedriuw sit yn Lauwerseach.
Eartyds waarden grenaten en fiskpuf foar de fiskmoalyndustry bûtendoar drûge en dat stonk dat der waard wolsein: ''as Soltkamp nait stinkt wordt er niks verdaind'' ('as Sâltkamp net stjonkt, wurdt der neat fertsjinne'). Tsjintwurdich stjonkt it net mear yn Sâltkamp.
 
Rigel 25:
Nei't Heiploeg ferhuze wie kaam der in protte romte frij yn it sintrum. Der waard in revitalisearingsplan ûntwikkele; in part fan de âlde festing Soltkamp waard wer sichtber makke en it winkelsintrum waard opknapt. Fierders waard de slieperdyk trochstutsen om it haventerrein út it doarp wei berikber te meitsjen. It havenkantoar waard doe yn de dyk boud.
Sâltkamp hie oant 2008 twa skûtelantennes fan de [[Nationale Signals Intelligence Organisatie|NSO]], mei de namme Grûnstasjon Sâltkamp, foar it ôflústerjen fan tillefoanferkear oer de [[Intelsat]]satelliten. It Ministearje fan Definsje krige yn 2004, nei protesten fan bewenners, gjin tastimming fan de [[Ried fan SteateSteat]] om it tal skûtels te fergrutsjen, dat doe is it hiele stasjon yn 2008 oergien nei [[Boerum]].
 
Simmers wie der eartiids, foar de ôfsluting fan de Lauwerssee, feartsjinst (fa. [[Wagenborg (rederij)|Wagenborg]]) fia [[De Skâns (Dongeradiel)|De Skâns]] nei [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]]. De boat komt no oan op [[Lauwerseach]].
{{Boarnen|boarnefernijing=
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.slagomzoutkamp.nl Slach om Sâltkamp]
* [http://www.zoutkamp.net Ynformaasje oer Sâltkamp]
}}
 
[[Kategory: Plak yn De Marne (Grinslân)]]