Hendrik fan Meklenburch-Schwerin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 22:
 
== Maatskiplike funksjes en priveelibben ==
Hendrik hie ferskate earefunksjes yn it leger. Hy waard yn 1901 ta [[skout-by-nacht]] en [[Generaal|generaal-majoar]] [[à la suite]] beneamd, yn 1904 ta [[fise-admiraal]] en [[Generaal|luitenant-generaal]]. Hy hie in sit yn de [[Ried fan SteateSteat]], mar waard troch syn gemalin bûten alle politike saken holden (''het is niet aardig meer als je altijd maar voor spek en bonen erbij bent'').
 
Prins Hendrik wie tige populêr by syn personeel, mar bleau foar it folk lange tiid in frjemde. Yn de earste jierren fan syn houlik hie er foaral omtinken foar de [[Jacht (aktiviteit)|jacht]] en de ferbettering fan de wyldstân op de [[Feluwe]]. Ek hie er niget oan boskbou en it dressearjen fan hynders. It jeijen op fral [[kuorhin]]nen en [[Everswyn|wylde bargen]] waard him troch guonts kwea ôf naam; syn bynamme wie ''Varkensheintje''. Syn imago ferbettere doe't er yn febrewaris 1907 de rêdingswurkers besocht dy't in dei earder holpen hiene by it rêden fan passazjiers fan de [[SS Berlin]], dy't by [[Hoeke fan Hollân]] te sink gien wie.