Ferskil tusken ferzjes fan "Marcus Lycklama à Nijeholt"

Rie fan Steat
(sa dan mar)
(Rie fan Steat)
'''Marcus Lycklama à Nijeholt''' ([[17 jannewaris]] [[1573]] - [[9 augustus]] [[1625]]) wie in bestjoerder, [[abbekaat]] en [[heechlearaar]]. Hy wie de pakesizzer fan [[Lyckle Eables]], stamheit fan de famylje [[Lycklama à Nijeholt]].
 
Lycklama à Nijeholt wie de soan fan Meine Lyckles, substitút grytman fan Weststellingwerf en fan Hylck Terwisga. Hy krige syn earste letterkundige opfieding yn Ljouwert, dêr 't hy les krige fan Joannes Fungerus. Hy studearre (neffens Paquot) earst yn Heidelberg en sûnt maaie 1593 yn Frjentsjer. Dêr hie hy benammen Hindrik Schotanus as learmaster. Neidat er de titel fan doktor yn de rjochten krige hie waard hy op 9 maaie 1597 abbekaat yn Ljouwert. Yn 1603 waard hy foar Fryslân ôffurdige nei De Haach. Op 25 maaie 1604 berôpen him kurators fan Frjentsjer, ynstee fan Johan fan den Sande, as heechlearaar yn de Rjochten. It jier dêrnei waard er rektor magnifikus. Fan [[1604]] oant [[1610]] wie er dêr heechlearaar (pandekten). Yn 1610 waard er kurater fan de [[Universiteit fan Frjentsjer|Frjentsjerter Akademy]]. Op 22 maaie 1610 ferruile er it heechlearaarsamt mei dat fan grytman fan Eaststellingwerf en kurator fan de Frjentsjerter hegeskoalle; de gritenij ferruile hy op 11 july 1623 tsjin dy fan Weststellingwerf. Ek waard hy [[grytman]] fan [[Eaststellingwerf]] en meardere kearen lid fan de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten Generaal]] en de [[Rie fan SteateSteat]]. Yn 1615 fersette hy him yn in gearkomst fan de Steaten Generaal tsjin it stjoeren fan in kommisje ta dimping fan ûntstiene skelen. Yn 1621 sleat hy yn De Haach in bûn mei Denemark, en waard dêrnei, mei Reinier Pauw en Rutger fan Haersolte, as bûtengewoan ambassadeur nei kening Christiaan fan Denemark stjoerd. Yn [[1623]] waard hy de grytman fan [[Weststellingwerf]].
De [[Republyk Feneesje]] beneamde him ta ridder yn de [[Oarder fan Sint-Markus|oarder fan St. Markus]].
Lycklama à Nijeholt wie yn syn tiid in ferneamd rjochtsgelearde en jûch ferskate rjochtsgelearde wurken út, dy 't troch [[Ulrik Huber]] en oaren priizge waarden.
7.481

bewurkings