Willem IV fan Oranje-Nassau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Jeugd: Rie fan Steat
 
Rigel 6:
Willem IV krige mear as de wenstige opfieding fan aadlike bern. De prins studearre oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]] en oan de [[Universiteit Utert]]. Willem IV spruts mear as ien taal (ek [[Frysk]]) en hie niget oan skiednis; ek yn de fouten fan syn foarteam, sa't er syn heechlearaar melde.
 
Syn beneaming hie in soad fuotten yn 'e ierde: der wienen kapers op de kust, en dêrby binne de boarnen net lyklûdich: elke auteur seit wat oars.<ref>Willem IV soe earst yn [[1736]] mearderjierrich wurde. Alle beneamingen wienen mooglik in soarte fan yntinsjeferklearrings.</ref><ref>Neffens Nijhoffs leksikon wie Willem IV by syn berte daliks steedhâlder fan Fryslân, folge Grinslân yn [[1718]] en Drinte en Gelderlân yn 1722.</ref><ref>Neffens de Oosthoek (1917) waard hy yn 1720 yn Gelderlân, yn [[1729]] yn Grinslân en 1731 yn Fryslân beneamd.</ref> Der kin oannomd wurde dat hy yn novimber [[1722]] yn Gelderlân beneamd waard, mar earst hie hy er allinnich de titel en de talage.<ref>Dizze tastân duorre oant 1750. Porta, A. (1975) Johan en Gerrit Corver, side 199</ref> Yn 1726 waard him in plak yn de [[Rie fan SteateSteat]] wegere troch de net-steedhâlderlike provinsjes. De ûntfangst fan de prins trije jier letter yn De Haach wie tige koel. Mar Drinte en Grinslân soenen him yn 1729 en Fryslân yn [[1731]] ta steedhâlder beneamd hawwe.<ref>Encyclopedie van Friesland (1953)</ref> Sûnt dy tiid wie hy yn feite de heechste amtner fan dizze gewesten.
 
== Houlik ==