Iepenloftspul: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tt
Rigel 4:
In '''iepenloftspul''' is in [[Toaniel (spul)|toanielfoarstelling]] yn de iepen loft.
 
Dizze foarm fan [[teater (keunstfoarm)|teater]] is benammen in populêre tradysje yn [[Fryslân]]. Yn [[Amersfoart]], [[Diever]] en [[Havelte]] binne spesjale [[iepenloftteater]]s foar de iepenloftspullen. Mar yn it Limburchske Beesel is der wol in tige spesjale foarm fan iepenloftspul: istit [[draakstekken]], in spektakulêre iepenloftteaterfoarstelling dy't ien kear yn de sân jier opfierd wurdt.
 
Yn Fryslân sette ferskate doarpen om it jier, bytiden ek alle jierren in [[Frysk]]talige foarstelling op de planken. Dit is meastentiids allinnich mooglik troch it ynsetten fan frijwilligers út de omkriten en [[sponsor]]s. Fakentiden wurdt it iepenloftspul yn de omjouwing fan it oarganisearjende doarp hâlden. By in pleats of stik lân wurdt dan in tribune boud, in grutegrutte dekor yn elkoar setten en in lûd- en ljochtynstallaasje opboud. Dêrneist wurdt meast foar tydlike fasiliteiten as in feesttinte, toiletten en parkeargelegenheid soarge. As it heal kin wurde besteande eleminten yn de omjouwing brûkt, lykas by it iepenloftspul fan [[Snits (stêd)|Snits]] <ref>[http://www.frieschdagblad.nl/artikel.asp?artID=26122 Frysk Deiblêd 19-10-2005 ''Teater Snits speelt iepenloftspul ‘Fanfare’'']</ref> en by de [[klokkestoel]] fan [[Ouster-Nijegea]].
 
It bekendste iepenloftsapul is nei alle gedachten dat fan [[Jorwert]]<ref>[http://www.letteren.net/letteren/site/nieuws2.asp?item=1156 Algemien Nederlânsk Parsburo 15-8-2003 ''Openluchtspel Jorwerd viert jubileum'']</ref>. Oarspronklik organisearre om jild by inoar te krijen foar de opbou fan de ynstoarte doarpstsjerketoer waard it barren al ridlik gau in tradysje. Ek de iepenloftspullen fan [[Dronryp]] <ref>[http://www.frieschdagblad.nl/artikel.asp?artID=25966 Frysk Deiblêd 8-10-2005 ''Iepenloftspul fan Dronryp foar 2006 wurdt ‘Don Juan’'']</ref>, [[Easterwierrum]]<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/artikel.asp?artID=15581 Frysk Deiblêd 19-11-2003 ''Berne-Iepenloftspul spilet ‘De fiifde dei’ fan Mindert Wynstra '']</ref>, [[Wergea]]<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/artikel.asp?artID=21696 Frysk Deiblêd 4-1-2005 ''Wergea spilet ‘Lucky Manuelo’ as iepenloftspul 2005'']</ref>, en [[Burgum]] <ref>[http://www.frieschdagblad.nl/artikel.asp?artID=18986 Frysk Deiblêd 28-6-2003 ''Allinne froulju yn ‘De Gidsen’'']</ref> lûke publyk út de hiele provinsje en dêrbûten. It wurdt beskreaun yn it boek ''Hoe God verdween uit Jorwerd'' fan [[Geert Mak]].