Keninkryk Wesseks: ferskil tusken ferzjes

tt
(tt)
De namme Wesseks waard doe oars noch net brûkt. Earst nei it regear fan [[Ine]] (± 700) waard sprutsen oer de 'West Saksen', en noch wer letter waard it gebiet as Wesseks oantsjut. Earder hjitte it ''[[Gewisse]]'' of ''[[Gewissae]]''. Dizze benamming waard wol ferbûn mei de mytologyske 'Gewis', de pake fan Cerdic, mar it is nei alle gedachten earder in âld Saksysk wurd dat 'bûnsgenoaten' betsjut.
De lettere útwreiding fan Wesseks mei it [[Devon]] en [[Cornwall]] fan no, die de macht fan de keningen tanimmen. Dit kaam ek foar dat Ingelân út it suden wei troch de [[Wytsingen]] ferovere wurde koe. Ien fan de wichtichste West-Saksyske delsettingen wie [[Winchester]], dat yn 871 troch [[Alfred de GruteGrutte]] haadstêd makke waard.
 
It keninskip yn Wesseks wie net suver erflik. De sterkste gadingmakker út foaroansteande famyljes waard keazen of naam sels de macht oer. De ynterne striid dy't dat fan gefolgen hie, sil it keninkryk bytiden ferswakke hawwe. Faak wie der somtiden gjin wiere kening omdat der gjin ûnderkening útkypte.
7.891

bewurkings